Tjitse Smeding: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Sybrand (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 1:
'''Tjitse Smeding''' ([[6 desimber]] [[1954]] - [[Toulouse]], [[2 april]] [[2010]]) wie de súksesfolste trenertrainer en pikeur van dravers út [[Fryslân]] ea. Hy helle 2137 oerwinnings en wie mar leafst njoggen kear riderkampioen fan Nederlân.
 
== Pikeur ==
Yn de jierren tachtich wiene de trenertrainer-pikeur en syn [[hynder]]s hast net te ferslaan op de Nederlânske drafbanen. Sa stie Smeding, dy't yn [[Aldskoat]] syn stâl hie, yn in meeting faker fiif kear yn de winnersring. Mei de merje ''Bea di Tricia'' wûn hy as rider yn [[1987]] nettsjinsteande in lekke bân op de baan fan [[Duindigt]] de Derby. Tolve jier letter wie it as trenertrainer foar de de twadde kear raak mei de troch Huub van den Heuvel riden Nigel Stardust. Yn 2000 wûn de troch him treendetrainde Odd's Against op [[Wolvegea]] de mei € 158.238 heechst notearre koers ea yn Nederlân ferriden.
 
== TrenerTrainer ==
Smeding wie in revolúsjonêre trenertrainer dy't altyd socht nei fernijings yn de sport en treningtraining. Syn teoryen, foar in grut part basearre op de atletykwrâld, wienen faak omstriden, mar smieten wol grutte súksessen op. By de jonge hynders wie hy syn tiid fier foarút en syn twajierrigen wûnen jierrenlang hast alle klassikers. Syn hynders hienen in grut úthâldingsfermogen en waarden altiten gau yn de oanfal stjoerd. Ienris op kop wienen se net mear yn te heljen.
 
== Tsjinslaggen ==
Undanks de sportive hichtepunten gie it libben fan de grutste fakman ûnder de Fryske dravertrenersdravertrainers net oer roazen. Yn [[1990]] kaam hy mei Creese K. op de baan fan Hilfertsom slim te fallen en folge in lange refalidaasje. Nei syn werstel liet Smeding it riden fan de hynders, troch de need twongen, oan oaren oer. Boppedat oerwûn er [[kanker]]. Doe't er yn [[Frankryk]] by in auto-ûngelok benei al syn bonken bruts, focht er him nochris mei súkses werom. Yn [[2002]] ferhuze er nei Frankryk, dêr't er in beskieden entrainemint runde. Smeding stoar oan in akute [[Pankreatitis|alfleisklierynfeksje]] en liet syn frou Tamara en dochter Dagmar efter.
 
{{boarnen|boarnefernijing=