Sybrand
Ik bin Sybrand. Ik bin berne op 20 febrewaris 1990 en ik kom út De Harkema.
- Wolkom Sybrand,
As't ris mei de Fryske stavering sitst, dan wol ik dy der wol mei helpe. Ik hoop dat wy gau wat fan dy lêze leverje sille. Swarte Kees 13.22, 15 okt 2006 (CEST)
Your account will be renamed
bewurkje seksjeHello,
The developer team at Wikimedia is making some changes to how accounts work, as part of our on-going efforts to provide new and better tools for our users like cross-wiki notifications. These changes will mean you have the same account name everywhere. This will let us give you new features that will help you edit and discuss better, and allow more flexible user permissions for tools. One of the side-effects of this is that user accounts will now have to be unique across all 900 Wikimedia wikis. See the announcement for more information.
Unfortunately, your account clashes with another account also called Sybrand. To make sure that both of you can use all Wikimedia projects in future, we have reserved the name Sybrand~fywiki that only you will have. If you like it, you don't have to do anything. If you do not like it, you can pick out a different name.
Your account will still work as before, and you will be credited for all your edits made so far, but you will have to use the new account name when you log in.
Sorry for the inconvenience.
Yours,
Keegan Peterzell
Community Liaison, Wikimedia Foundation
18 mrt 2015, 02.42 (CET)
In pear punten
bewurkje seksjeBêste Sybrand. Ik bin bliid mei jo bydragen. Fijn dat der wer in meidogger is dy't wat oan it ûnderwerp sport docht. Ik haw lykwols al in pear punten dy't ik even mei jo beprate wol.
- Jo foegje oan hast eltse side dy't jo oanmeitsje in kategory ta mei de namme "Pages with unreviewed translations". Dat is net nedich. Ik haw hjir en dêr wat fan jo wurk lêzen, en neffens my liket it net sa gek. As jo ûnwis fan jo wurk binne en jo wolle dat der noch even in pear oare eagen oer geane, kinne jo der {{Stavering}} boppe sette. Wannear't we der oan ta komme om dêr nei te sjen, is lykwols in iepen fraach, want we binne hjir mar mei in lyts klubke.
- Dat lêste wurd bringt my fuort op myn twadde punt. Jo hawwe de kategory "Fryske fuotbalklub" omneamd ta "Fryske fuotbalklup", mei as argumint dat dat de offisjele stavering wêze soe. Yn it Frysk-Nederlânsk Wurdboek (in útjefte fan 'e Fryske Akademy) stiet op side 506 lykwols ek (gewoan) de foarm "klub" mei in B. Persoanlik fyn ik dat in moaiere foarm en neffens my bestiet der gjin inkele reden om by ferfrysking fan "club" de B te ferfangen troch in P: we skriuwe ommers ek fan "rib" en "kob". Mar persoanlike smaak even bûten beskôging litten, is it sa dat ik al jierren dwaande bin mei de kategoryen wat gelyk te krijen en te hâlden. As jo no yn 'e kategoryen alle "klubs" feroarje wolle yn "klups" is dat yn prinsipe jo goed rjocht, mar dêrmei helje jo josels wol in bealchfol wurk op 'e hûd, want der binne nochal wat klub-kategoryen. Yn it belang fan dat de kategoryen gelyk skreaun wurde, hoopje ik al dat jo dan àlle klub-kategoryen omneame en net healwei ôfheakje. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 11 feb 2019, 21.49 (CET)
- Goeie, Ieneach.
- Oer dat earste: ik meitsje sa no en dan ris in pagina troch it oer te setten. Der is no sa'n nije 'tool', wêrby'tst in diel út de oarspronklike tekst sa oernimme kinst en dan feroarje wat net goed is. Ast net 'genôch' oanpast, dan jout er sels leau ik de kategory "Pages with unreviewed translations". Ik kin dat - tink ik - wol wer fuorthelje, mar dan moat ik dêr even om tinke. Dat sil ik tenei dwaan, hoopje ik.
- Oer it twadde: doe't ik hjir in skoftke lyn (wer) begûn mei it meitsjen fan nije pagina's, seach ik even wat men hjir oanhâldt foar stavering, omdat ik my wolris fernuvere hoe't guon wurden skreaun wurde. Hjir wurdt ferwiisd nei de staveringshifker fan de Fryske Akademy, dêrom naam ik oan dat we de stavering fan de Fryske Akademy oanhâlde. By twivel sjoch ik dan altyd yn de op har webside. Dêr stiet 'klub' net yn, 'klup' al. Dêrom woe ik yndie mar safolle mooglik pagina's omneame. As jo oer in skoftke noch wat tsjinkomme, dan hear ik it graach. Sybrand (oerlis) 11 feb 2019, 22.00 (CET)
- Ik bin foar 'klup'. Drewes (oerlis) 11 feb 2019, 22.03 (CET)
- Oer it oersetten: O. Dat wist ik net. No ja, wer wat leard. Dy kategory kin der yndie wol út, want dêr hawwe wy neat oan. Oer de stavering. Ja, dat haw al faker heard fan 'e Fryske Akademy, en dêr kinne jo fansels hielendal neat oan dwaan, mar ik moat sizze, dêr ergerje ik my wol wat oan. It wurdboek dêr't ik nei ferwiisde, is ek in útjefte fan harren, en no dogge se krekt as hawwe se dêr noch nea fan heard. Dat kin dochs net? Se dogge dêr langer mar wat. Sa, dat moast der even út. Ik begryp dat jo it omneamen trochsette wolle. No bêst, dan wol ik ek wol even meihelpe. As jo fan ûnderen op trochgeane by Fryske fuotbalklubs, begjin ik fan boppen ôf by Sportklub. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 11 feb 2019, 22.12 (CET)
- No, dat is it wol sa'n bytsje wat de kategoryen oanbelanget, dat dy put sit der wer op. No bin ik ek suver klub mei, sa stadichoan. Noch even wat oars, Sybrand. Want om't jo no oan it feroarjen sleinen om't jo de foarkarsstavering fan 'e Fryske Akademy folgje wolle, sjit my noch wat oars yn 't sin. De Wikipedy folget wat titels fan artikels en nammen fan kategoryen oangiet yn 'e measte gefallen de foarkarsstavering fan 'e Fryske Akademy, mar op ien wichtich mêd net. Dat binne de nammen fan lannen, regio's, ensfh. De FA jout yn 'e foarkarslist de foarmen dy't einigje op -ië (Argentinië, Armenië, Italië, Kataloanië, ensfh.), wylst der yn it begjin fan 'e Wikipedy besletten is om hjir de (ek geef Fryske) foarmen op -je te brûken (Argentynje, Armeenje, Itaalje, Kataloanje, ensfh.). No stie it jo frij om 'klub' te feroarjen yn 'klup', mar de nammen fan lannen en regio's en alle ôflate foarmen dêrfan binne sa wichtich dat ien meidogger net op eigen manneboet beslute kin om dêr wat oan te feroarjen. Wy hawwe dêr in pear jier lyn alris in wiidweidige diskusje oer hân, en doe bestie der gjin stipe foar it ferfangen fan 'e foarmen op -je troch dy op -ië. Let wol: hjirby giet it allinnich om 'e nammen fan artikels en kategoryen. Om't beide soarten nammen geef Frysk binne, moatte meidoggers hielendal sels witte hokker foarmen oft se yn 'e rinnende tekst fan 'e artikels brûke wolle. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 12 feb 2019, 00.43 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk: Dat fan de lannenammen wie my opfallen, ja. Jildt dan itselde foar Jeropa, hâlde we dat oan yn stee fan Europa? En dus ek Jeropeeske Uny en net Europeeske Uny? In oar wurd dat ik wol feroarje woe - en dus ek de kategoryen mei dat wurd - is 'trener'. Dêr woe ik mar 'trainer' fan meitsje. Mei iens? Sybrand (oerlis) 12 feb 2019, 08.20 (CET)
- Oer de lannenammen einigjend op -je noch even it folgjende. It is de 'Fryskere' foarm, as je dat sa neame kinne. It boekje Stavering fan 'e Afûk (drs. F.B. Dijkstra, Stavering, Ljouwert, 1991, Afûk, ISBN 9 06 27 34 537), seit op s. 46:
- In soad nammen fan lannen einigje yn it Nederlânsk op "ië". Yn it Frysk wurdt dy foarm meast ek oanholden. Mar in Fryskere foarm is ek mooglik: Ned. "Scandinavië", Fr. "Skandinaavje"; Ned. "Albanië", Fr. "Albaanje"; Ned. "Armenië", Fr. "Armeenje"; Ned. "Argentinië", Fr. "Argentynje"; Ned. "Indië", Fr. "Ynje"; Ned. "Groot-Brittannië", Fr. "Grut-Brittanje"; Ned. "Slovenië", Fr. "Sloveenje". (It stikje einiget mei in grappich plaatsje fan in backpacker dy't by it plaknammeboerd "Tinië" / "Tynje" stiet en dat op 'e kaart besiket werom te finen.)
- De 'founding fathers' fan 'e Wikipedy (even foar de dúdlikheid: dêr hear iksels dus net by, ik bin hjir ein 2012 pas begûn) hawwe by it begjin fan 'e Wikipedy (yn 2002/2003) besletten om sokke foarmen te brûken. We hawwe hjir yn 'e Wikipedy net in soad regeltsjes, folle minder as by de Nederlânske Wikipedy yn elts gefal, mar dit is wol even in oandachtspunt: de lannenammen kinne net feroare wurde sûnder in wiidweidige diskusje op 'e oerlisside einigjend mei in stimming troch behearders en oare meidoggers. Dit punt is dêr, ik leau no sa'n twa en in heal jier lyn, noch te praat kommen, en doe hat net ien him oppenearre as foarstanner fan it ferfangen fan 'e foarmen op -je troch de foarmen op -ië, wylst ferskate meidoggers har wjerstân dêrtsjin útsprutsen hawwe. (Dizze regel, dat net ien meidogger op eigen manneboet lannenammen feroarje mei, is ynfierd nei't dat yn it ferline ta problemen laat hat. We binne dus troch skea en skande wiis wurden, soene jo sizze kinne.)
- Oer de lannenammen einigjend op -je noch even it folgjende. It is de 'Fryskere' foarm, as je dat sa neame kinne. It boekje Stavering fan 'e Afûk (drs. F.B. Dijkstra, Stavering, Ljouwert, 1991, Afûk, ISBN 9 06 27 34 537), seit op s. 46:
- Jeropa is ek sokssawat, ja. We besykje wat ienheid te hâlden yn 'e nammen fan artikels en kategoryen, dat dêr wurdt no standert de foarm 'Jeropa'/'Jeropeesk' brûkt (lykas yn Jeropeeske Uny), mar 'Europa' is ek geef Frysk, en it stiet in elk frij om yn 'e rinnende tekst fan 'e artikels dy foarm te brûken.
- Wat 'trener'/'trainer' oangiet... Tsja. Dat is my earlik sein lead om âld izer. 'Trener' sil wol net de foarkarsstavering fan 'e Fryske Akademy wêze, mar it stiet wol yn it Frysk Hânwurdboek. Ik wol even hearre wat Drewes hjirfan fynt ear't ik ja of nee sis. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 12 feb 2019, 14.45 (CET)
- Drewes hat leaver 'trainer' as 'trener'. Ik fyn it beide wol bêst, dat om my kin ik wurde mei it omneamen. Ik wol oars aansten wol wer even helpe. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 12 feb 2019, 19.04 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk: Moai, dan sil ik aanst even sjen wêr't ik begjin. Sa let as juster meitsje ik it diskear lykwols net. We sjogge wol hoe fier oft we hjoed komme. Sybrand (oerlis) 12 feb 2019, 19.55 (CET)
- Der binne neffens my in stik minder treners as klubs, dat ik tink dat we it fan 'e jûn maklik roaie. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 12 feb 2019, 20.18 (CET)
- No, neffens my binne we der sa al wer. Dat gong aardich flugger as justerjûn. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 12 feb 2019, 21.25 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk: Geweldich! Wer tank foar de help. Sybrand (oerlis) 12 feb 2019, 21.33 (CET)
Goeie, Sybrand. Even noch oer dat feroarjen fan dy lannenammen, dêr't ik it hjirboppe oer hie. Ik hoopje dat jo begripe dat ik dêr bedoelde dat in meidogger yn 'e Wikipedy de stavering fan in lannenamme net op eigen manneboet feroarje mei. Dizze kanttekening pleats ik hjir even yn it ljocht fan 'e aktualiteit: Masedoanje hat syn namme juster offisjeel feroare yn Noard-Masedoanje. Dan wurdt it fansels in hiel oar ferhaal. By sokke dingen moat sa'n lannenamme wol oanpast wurde, mar de stavering bliuwt lykwols itselde. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 feb 2019, 15.42 (CET)