Alex Ferguson: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Sybrand (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
 
Rigel 24:
| prestaasjes =
}}
Sir '''Alex Ferguson''' (folút: '''Alexander Chapman Ferguson'''; [[Glasgow]], [[31 desimber]] [[1941]]) is in [[Grut-Brittanje|Britsk]] âld-[[fuotbal]]ler en -[[fuotbal]]trenertrainer fan [[Skotten|Skotsk]] komôf. Nei in ûnopfallende karriêre as prof-fuotballer dy't er folslein yn syn heitelân [[Skotlân]] trochbrocht, krige er grutte bekendheid as trenertrainer fan 'e [[fuotbal]]klup [[Manchester United]], út it [[Ingelân|Ingelske]] [[Manchester]], in posysje dy't er 27 jier lang behold. Ferguson wurdt yn Grut-Brittanje beskôge as ien fan 'e súksesfolste fuotbaltrenersfuotbaltrainers út 'e skiednis fan 'e [[sport]].
 
==Libben en karriêre==
Rigel 34:
Mei 16 jier sette Ferguson útein mei in karriêre as prof-fuotballer. Fan [[1957]] oant [[1960]] spile er foar de klup [[Queen's Park F.C.]], oanslutend oant [[1964]] foar [[St. Johnstone F.C.]], en doe oant [[1967]] foar [[Dunfermline Athletic F.C.]] Yn [[1967]] gie foar him in dream yn ferfolling doe't er foar Glasgow Rangers kaam te spyljen, al duorre dat mar twa jier, oant [[1969]]. Neitiid fuotballe er oant [[1973]] by [[Falkirk F.C.]], om syn karriêre as fuotballer yn [[1974]] te beëinigjen mei in lêste jier by [[Ayr United F.C.]] Ferguson kaam ûnder syn prof-karriêre sân kear út foar it Skotske nasjonale alvetal en makke dêr 9 goals foar. Yn totaal makke er as prof-fuotballer 181 goals.
 
Nei't er opholden wie as fuotballer, sette Ferguson útein mei in nije karriêre as [[fuotbal]]trenertrainer. Hy begûn yn [[1974]] by [[East Stirlingshire F.C.]], en waard noch datselde jiers oansteld by [[St. Mirren F.C.]], foar't er fan [[1978]] oant [[1986]] in tige súksesfol trenerskiptrainerskip hie by [[Aberdeen F.C.]] út [[Aberdeen]]. Nei't er yn [[1985]]-[[1986]] koarte tiid op 'e winkel past hie as [[bûnscoach]] fan it Skotske nasjonale alvetal nei it hommels ferstjerren fan [[Jock Stein]], waard Ferguson yn [[novimber]] [[1986]] oansteld as trenertrainer by de klup [[Manchester United]], yn it [[Ingelân|Ingelske]] [[Manchester]].
 
Ferguson wie de langst sittende trenertrainer fan United, mei't er yn [[desimber]] [[2010]] datoangeande it rekôr oernaam fan sir [[Matt Busby]]. Uteinlik soed er mear as 26½ jier trenertrainer fan 'e klup bliuwe, oant er op [[8 maaie]] [[2013]] mei pinsjoen gie. Under syn liederskip wûn Manchester United 39 kampioensbekers, wêrûnder 13 kampioenskippen fan 'e Ingelske ''[[Premier League]]'' en twa [[Champions Leage (UEFA)|Champions League]]-titels fan 'e [[UEFA]]. Fan alle trenerstrainers út 'e Britske fuotbalskiednis wûn Ferguson it faakst de titel "trenertrainer fan it jier". Yn [[1999]] waard er foar syn fertsjinsten foar it Britske fuotbal ta [[ridder]] slein, sadat er tenei it [[predikaat]] ''sir'' foar syn namme drage mocht.
 
===Priveelibben===
Ferguson troude yn [[1966]] mei Cathy Holding. Hja krigen trije soannen: Mark ([[1968]]) en de [[twilling]] Jason en Darren ([[1972]]). [[Darren Ferguson]] is in earder prof-fuotballer en hjoeddeistich fuotbaltrenerfuotbaltrainer. Alex Ferguson is in [[sosjalisme|sosjalist]], en ien fan 'e grutste private stipers fan 'e Britske [[Labourpartij (Grut-Brittanje)|Labourpartij]]. Yn [[2009]] waard him in [[earedoktoraat]] takend troch de [[Stedsuniversiteit fan Manchester]]. Yn [[2013]] publisearre Ferguson syn [[autobiografy]], mei as titel ''My Autobiography''.
 
{{boarnen|boarnefernijing=