Argaïsme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Goed foarbyld
 
Rigel 1:
In '''argaïsme''', fan it [[Aldgryksk]]e ἀρχαϊκός, ''archaïkós'' ("âlderwetsk"), is yn 'e [[taalkunde]] in [[wurd]]foarm of [[sin (taalkunde)|sinskonstruksje]] dy't as ferâldere of út 'e tiid beskôge wurdt.

Foarbylden yn it [[Frysk]] binne bgl. 'oareheit' (útspr. mei [[nijere brekking|brekking]] yn it earste [[wurdlid]]: [warə'hɔit] of [warə'hɛit], "ûarreheit") foar "pake", 'nin' foar "gjin", 'tsjirl' foar "keardel" en 'kediizje' foar "beslute". Argaïsmen komme faak foar yn [[wet]]lik, [[amtner|amtlik]] of [[bibel]]sk taalgebrûk. [[Skriuwer]]s en [[dichter]]s, lykas [[Gerard Reve]], meitsje wolris mei sin gebrûk fan sokke foarmen, sadat it [[stylfiguer]]en wurde. <BR>
Fierders komme se noch foar yn ferstienne útdrukkings, lykas yn it [[Frysk]] by 'hoe't it ek sij' en 'by dizzen', en yn it Nederlânsk by ''de vrouw des huizes'' ("de gastfrou") en ''ter sponde gaan'' ("op bêd gean"). Ek âlde en sabeare âlde [[stavering]]sfoarmen kinne foar argaïsmen oanmurken wurde. Soks komt yn it [[Frysk]] net folle foar, mar is bekend fan [[Nederlânsk]]e foarmen as ''bosch'' foar ''bos'' en ''huys'' foar ''huis''.
 
{{boarnen|boarnefernijing=