Lyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ synonym
→‎Untbining: mwôh, kin der ek wol út as jo dêr argewaasje fan krije
Rigel 5:
Nei't de dea yntreden is, begjint daliks it [[ûntbining]]sproses fan it lyk of kadaver. Dêrby wurde ferskate stadia trochrûn. It earste stadium is dat fan 'e ''livor mortis'' of [[lykplakken]], mei't troch it ophâlden fan 'e [[bloedsirkulaasje]] alle [[bloed]] yn it lichem troch de [[swiertekrêft]] nei de leechste lichemsdielen rint, mei as gefolch dat dy pearsblau ferkleurje, wylst de rest fan it lichem lykbleek wurdt. Likernôch 1-4 [[oere]]n nei it ferstjerren begjint de ''rigor mortis'' of [[lykstiifheid]], wêrby't troch [[biogemy]]ske prosessen de [[spier]]en fan it lyk stiif wurde en dat bliuwe oant sa'n 48 oeren nei it ferstjerren. Ungefear 12 oeren nei it fertsjerren is it lyk alle [[lichemswaarmte]] kwytrekke en begjint de ''algor mortis'' of [[lykkjeld]], wêrby't it lyk de [[temperatuer]] fan syn om-en-by oannimt.
 
De [[ferrotting]] of putrefaksjeit bedjer fan it lyk begjint trije dagen nei it ferstjerren. Wat heger oft de [[omjouwingstemperatuer]] is, wat flugger oft dat proses ferrinne sil. Dêrby sille [[ynsekt]]en [[aai (bist)|aaien]] lizze yn it lyk, wêrnei't in pear dagen letter de earste [[maits]]en derút begjinne te krûpen. Tagelyk sille [[ies (kadaver)|iesitende bisten]] fan it lyk begjinne te fretten ynsafier't dat foar harren tagonklik is. Nei in pear [[wike]]n sil it tsjin dy tiid troch [[biogemy]]ske en [[baktearje|bakteriële]] prosessen opsette lyk iepenbarste. Nei noch ferskate wiken sil it lyk amper mear as minske of bist werom te kennen wêze, en nammenste minder as der iesiters oer gear west hawwe. As de omstannichheden dêrta oanwêzich binne, kin in lyk ynstee ek útdrûgje troch in proses fan natuerlike (of keunstmjittige) [[mummifikaasje]].
 
==Wittenskip==