Lancelot Volders: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
by de tiid brocht + plaatsjes
updeet
Rigel 1:
'''Lancelot Volders''' ([[1657]]?-[[1687]]?, neffens oaren [[1675]]) wie in [[keunstskilder]]. Hy wurke fan ûngefear 1700 ôf oan it [[Steedhâlderlik Hof]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Yn de literatuer wurde '''Louis Volders''', Jan en Lancelot Volders faak ferwiksele. Oare boarnen helje de trije skilders, harren wurk, data en nammen troch elkoar. Neffens it Ryksburo foar Keunsthistoaryske Dokumintaasje (RKD) is dizze Lancelot sa goed as seker deselde persoan as Louis Volders<ref>[https://rkd.nl/nl/explore/artists/81655 Biografyske gegevens RKD]</ref> Earder waard dêr oer twifele en soe it om heit en soan gean. Yn de literatuer komt Lancelot Volders ek mei de foarnammen 'Jan' en 'François' foar, dat op grûn fan in ferkearde lêzing fan syn inisjaal. De measte oan him taskreaune skilderijen binne sinjearre mei "L Volders" en yn ien gefal "Louis Volders". Op in portret is "L. Volders pinxit Bruxelles 1691".
 
It yn it [[Leuven]]ske stedhûs bewarre groepsportret fan Leuvenske Riedshearen dat yn 1703 skildere waard en oan Lancelot Volders taskreaun wurdt, moat yn werklikheid fan Louis syn hân wêze want Lancelot Volders syn aktiviteiten as skilder leine benammen tusken 1657 en 1675. It kin wêze dat Lancelot en Louis heit en soan binne, mar dêrfoar is gjin bewiis oerlevere.<BR>
 
Lancelot Volders wie in learling fan [[Gaspard de Crayer]] en waard yn 1657 in master yn it Brusselske [[gilde]]. Hy wie neffens de ''Dictionaire des Peintres belges'' aktyf oant ± 1703, mar wis is dat net, omdat hy ommers faak mei Louis ferwiksele waard. Victor Honoré Janssens ([[Brussel]], [[1658]] - [[1736]]) wie op syn beurt de learling fan Lancelot Volders.
 
== Wurk ==