Geart Aeilco Wumkes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 31:
 
== Wurk ==
=== Fryske preken ==
Ds. Wumkes hat in soad betsjut foar de Fryske taal. Hy wie dûmny en hy wie de earste dûmny dy’t in tsjinst yn it Frysk die. Dat die er op [[3 jannewaris]] [[1915]] yn de Herfoarme tsjerke fan [[Tsjom]]. Hy sei: “Yn 'e memmetaal, omdat nei myn betinken soks it wiere is en it dy wei op moat’. Pas flak foar de tsjinst kundige Wumkes, dy’t allinnich syn frou it geheim ferklapt hie, syn revolúsjonêre foarnimmen oan. De ferbouwerearde diakens en âlderlingen koene net mear yngripe; de tsjerkeklokken lieden al. By it begjin fan de preek brocht Wumkes it tsjerkefolk op de hichte, de reaksjes wiene fol lof. Ien frou op leeftyd gie de tsjerke út, sy woe de tsjinst allinnich yn it [[Nederlânsk]] ([[Tale Kanaäansk]]) hearre. Hja rûn de tsjerke út mei de wurden ''"Wy hawwe hjir komeedzje yn ’e tsjerke"'' It soe Wumkes net ûntmoedigje en preke noch gauris yn it Frysk. De teksten fan syn Fryske preken waarden samle en mei in soad súkses útjûn.<ref>Mei Pinksteren yn maaie 2015 waard dy earste Fryske preek fan 100 jier earder betocht mei de bondel ''Pioniers sûnder folgers. It Frysk yn tsjerke nei mear as 100 jier''.</ref>
 
=== Kristlik Frysk Selskip ===
Neidat hy yn 1904 yn Snits beroppen wie as predikant, ûntwikkele Wumkes hi ta in foaroansteand man binnen de Fryske Beweging. Yn 1908 wie hy belutsen by de oprjochting fan it ''Kristlik selskip for Fryske tael en skriftekennisse'' (letter omdoopt yn it [[Kristlik Frysk Selskip]]). Dy feriening rjochte him yn it earstoan benammen op de bestudearring fan de Fryske taal en [[Fryske literatuer|literatuer]], mar lei him yn de jierren tweintich mear ta op de maatskiplike emansipaasje fan it Frysk. Fan 1909 oant 1918 wie Wumkes redakteur fan [[Yn ús eigen tael]], it moanneblêd fan it ''Kristlik Frysk Selskip''.