Geart Aeilco Wumkes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 31:
 
== Wurk ==
=== Fryske preken ===
Ds. Wumkes hat in soad betsjut foar de Fryske taal. Hy wie dûmny en hy wie de earste dûmny dy’t in tsjinst yn it Frysk die. Dat die er op [[3 jannewaris]] [[1915]] yn de Herfoarme tsjerke fan [[Tsjom]]. Hy sei: “Yn 'e memmetaal, omdat nei myn betinken soks it wiere is en it dy wei op moat’. Pas flak foar de tsjinst kundige Wumkes, dy’t allinnich syn frou it geheim ferklapt hie, syn revolúsjonêre foarnimmen oan. De ferbouwerearde diakens en âlderlingen koene net mear yngripe; de tsjerkeklokken lieden al. By it begjin fan de preek brocht Wumkes it tsjerkefolk op de hichte, de reaksjes wiene fol lof. Ien frou op leeftyd gie de tsjerke út, sy woe de tsjinst allinnich yn it [[Nederlânsk]] ([[Tale Kanaäansk]]) hearre. Hja rûn de tsjerke út mei de wurden ''"Wy hawwe hjir komeedzje yn ’e tsjerke"'' It soe Wumkes net ûntmoedigje en preke noch gauris yn it Frysk. De teksten fan syn Fryske preken waarden samle en mei in soad súkses útjûn.<ref>Mei Pinksteren yn maaie 2015 waard dy earste Fryske preek fan 100 jier earder betocht mei de bondel ''Pioniers sûnder folgers. It Frysk yn tsjerke nei mear as 100 jier''.</ref>
 
=== Kristlik Frysk Selskip ===
Neidat hy yn 1904 yn Snits beroppen wie as predikant, ûntwikkele Wumkes hi ta in foaroansteand man binnen de Fryske Beweging. Yn 1908 wie hy belutsen by de oprjochting fan it ''Kristlik selskip for Fryske tael en skriftekennisse'' (letter omdoopt yn it [[Kristlik Frysk Selskip]]). Dy feriening rjochte him yn it earstoan benammen op de bestudearring fan de Fryske taal en [[Fryske literatuer|literatuer]], mar lei him yn de jierren tweintich mear ta op de maatskiplike emansipaasje fan it Frysk. Fan 1909 oant 1918 wie Wumkes redakteur fan [[Yn ús eigen tael]], it moanneblêd fan it ''Kristlik Frysk Selskip''.
 
=== Deputearre ===
Wumkes waard yn 1928 troch [[Deputearre Steaten]] fan Fryslân beneamd as foarsetter fan de doedestiids troch himsels oprjochte Fryske [[Provinsjale Underwiisried]] (de ''Underwiisried''). Hy soe dy funksje tweintich jier beklaaie. De Underwiisried bepleite dat it Frysk op legere skoallen as fak talitten wurde soe, wat nei in soad diskusje yn 1937 mei in útwreiding fan de ''Leger Underwiiswet 1920'' yndie op beheinde skeal mooglik makke waard. Al wie it resultaat fan de wetswiziging nei objektive mjitstêven lyts, se waard troch Wumkes en oare Fryske lobbyisten as tige wichtich beskôge.
 
=== Fryske Akademy ===
Yn 1938 wie Wumkes ien fan de oprjochters fan de [[Fryske Akademy]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], dat him ta it sintrum foar wittenskiplik ûndersyk en ûnderwiis ûntwikkelje soe.
 
=== Bibeloersetting ===
Nei syn pinsjoen begûn Wumkes oan syn moaiste projekt, lykas er it sels sei: it oersetten fan de Bibel yn it Frysk. Mei stipe fan [[E.B. Folkertsma]] brocht Wumkes it [[Nije Testamint]] út yn [[1933]] en it [[Alde Testamint]] yn [[1943]].
=== Bibletekaris ===
Wumkes wie fan 1924 oant 1940 bibliotekaris fan de [[Provinsjale Bibleteek|Provinsjale Biblioteek fan Fryslân]], dêr't er tagong hie ta in protte boarnen, wêrûnder de jiergongen fan de [[Ljouwerter Krante]]. Wumkes publisearre út dy boarne geregeld yn it tydskrift [[De Vrije Fries]] en yn it Nijsblêd fan Fryslân. Yn 1930 waard de [[Stads en Dorpskroniek van Friesland]] útbrocht yn druk, oer de perioade 1700-1800; diel twa oer de jierren 1800-1900 kaam fjouwer jier letter út.
=== Histoarikus ===
Yn syn libben skreau Wumkes in soad histoaryske stúdzjes, biografyën en boekbesprekkings, dêr't ''Tusschen Flie en Borne. Schetsen uit de geschiedenis van Schellingerland'' (1900) de earste fan wie. Syn artikels waarden publisearre yn de tydskriften [[It Beaken]], [[Frisia (tydskrift)|Frisia]], [[It Heitelân]], [[De Holder]], [[Sljucht en rjucht]], [[De Stim fen Fryslân]] en [[De Weitstrop]]. Tusken 1913 en 1928 skreau Wumkes mear as tweintich - gauris mânske - bydragen oan de [[De Vrije Fries]], it tydskrift fan it [[Provinciaal Friesch Genootschap ter Beoefening van Friesche Geschied-, Oudheid- en Taalkunde|Frysk Genoatskip]], dêr't hy jierrenlang lid fan wie. Ymposant is it feit dat hy tusken 1911 en 1937 mear as tûzen lemmata skreau foar it ''Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek'', de foargonger fan it [[Biografisch Woordenboek van Nederland]]. Dêrneist wie hy gearstaller fan in fjouwertal mânske kompilaasjewurken, dy't hjirûnder beskreaun wurde.
 
== Wurken (net folslein) ==