Geart Aeilco Wumkes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 56:
===== ''Bodders yn de Fryske striid'' (1926) =====
Doe 't Wumkes yn 1924 bibletekaris en haad fan de Provinsjale Bibleteek fan Fryslâ wurden wie, krige hy mear tiid om him oan it troch him leave biografyske sjenre ta te lizzen. Dat late yn 1926 ta syn twadde grutte kompilaasjewurk, ''Bodders yn de Fryske striid'', in rige libbensbeskriuwings fan persoanen dy't aktyf wiene foar de Fryske taal en kultuer. Ek op dit boek falt nei lettere mjitstêven wol ien en oar oan te merken, trochdat de ynhâld faak mear in romantysk as in wittenskiplik karakter hat. As bydrage oan de fryske skiedskriuwing wurdt ''Bodders yn de Fryske striid'' nettsjinsteande as in klassiker binnen de Fryske literatuer beskôge.
 
===== ''Stads- en dorpskroniek van Friesland'' (1930-1934) =====
Troch syn wurk yn dde Provinsjale Bibleteek fan Frysl6an hie Wumkes ienfâldich tagong ta in grut ferskaat oan boarnen foar syn skiedkundige en taalkundige artikels, wêrûnder alle jiergongen fan de yn 1752 oprjochte [[Ljouwerter Krante]]. Oan de hân dêrfan skreau hy foar ''De Vrije Fries'' en it [[Hepkema's Courant|Nieuwsblad van Friesland]] in soad artikels. Yn 1930 waarden dy bondele yn de ''Stads- en dorpskroniek van Friesland 1700-1800''. Dêrby folde hy de perioade foar 1752 oan mei materiaal ''"uit de Statenresolutie's, Hofsentientiën, proklamatieboeken, recesboeken en predikantenlijsten"''. It twadde diel, de ''Stads- en dorpskroniek van Friesland (1800-1900)'', ferskynde yn 1934.
 
== Wurken (net folslein) ==