Geart Aeilco Wumkes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Rigel 32:
== Wurk ==
=== Fryske preken ===
Ds. Wumkes hat in soad betsjutbetsjutten foar de Fryske taal. Hy wie dûmny en hy wie de earste dûmny dy’t in tsjinstpreek yn it Frysk die. Dat die er op [[3 jannewaris]] [[1915]] yn de Herfoarme tsjerke fan [[Tsjom]]. Hy sei: “Yn''Yn 'e memmetaal, omdat nei myn betinken soks it wiere is en it dy wei op moat’moat''. Pas flak foar de tsjinst kundige Wumkes, dy’tdy't allinnich syn frou it geheim ferklapt hie, syn revolúsjonêre foarnimmen oan. De ferbouwereardeferbjustere diakens en âlderlingen koene net mear yngripe; de tsjerkeklokken lieden al. By it begjin fan de preek brocht Wumkes it tsjerkefolk op de hichte, de reaksjes wiene fol lof. Ien frou op leeftyd gie de tsjerke út, sy woe de tsjinst allinnich yn it [[Nederlânsk]] ([[Tale Kanaäansk]]) hearre. Hja rûn de tsjerke út mei de wurden ''"Wy hawwe hjir komeedzje yn ’e tsjerke"'' It soe Wumkes net ûntmoedigje en hy preke dêrnei noch gauris yn it Frysk. De teksten fan syn Fryske preken waarden samle en mei in soad súkses útjûn.<ref>Mei Pinksteren yn maaie 2015 waard dy earste Fryske preek fan 100 jier earder betocht mei de bondel ''Pioniers sûnder folgers. It Frysk yn tsjerke nei mear as 100 jier''.</ref>
 
=== Kristlik Frysk Selskip ===
Neidat hy yn 1904 yn Snits beroppen wie as predikant, ûntwikkele Wumkes hihim ta in foaroansteand man binnen de Fryske Beweging. Yn 1908 wie hy belutsen by de oprjochting fan it ''Kristlik selskip for Fryske tael en skriftekennisse'' (letter omdoopt yn it [[Kristlik Frysk Selskip]]). Dy feriening rjochte him yn it earstoan benammen op de bestudearring fan de Fryske taal en [[Fryske literatuer|literatuer]], mar lei him yn de jierren tweintich mear ta op de maatskiplike emansipaasje fan it Frysk. Fan 1909 oant 1918 wie Wumkes redakteur fan [[Yn ús eigen tael]], it moanneblêd fan it ''Kristlik Frysk Selskip''.
 
=== Deputearre ===
Wumkes waard yn 1928 troch [[Deputearre Steaten]] fan Fryslân beneamd as foarsetterfoarsitter fan de doedestiids troch himsels oprjochte Fryske [[Provinsjale Underwiisried]] (de ''Underwiisried''). Hy soe dy funksje tweintich jier beklaaie. De Underwiisried bepleite dat it Frysk op legere skoallen as fak talitten wurde soe, wat nei in soad diskusje yn 1937 mei in útwreiding fan de ''Leger Underwiiswet 1920'' yndie op beheindelytse skeal mooglik makke waard. Al wie it resultaatrisseltaat fan de wetswiziging nei objektive mjitstêven lyts, se waard troch Wumkes en oare Fryske lobbyisten as tige wichtich beskôge.
 
=== Fryske Akademy ===
Rigel 47:
=== Bibletekaris ===
Wumkes wie fan 1924 oant 1940 bibliotekarisbibletekaris fan de [[Provinsjale Bibleteek|Provinsjale Biblioteek fan Fryslân]], dêr't er tagong hie ta in protte boarnen, wêrûnderlykas de jiergongen fan de [[Ljouwerter Krante]]. Wumkes publisearre út dy boarne geregeldgeregeldwei yn it tydskrift [[De Vrije Fries]] en yn it Nijsblêd fan Fryslân. Yn 1930 waard de [[Stads en Dorpskroniek van Friesland]] útbrocht yn druk, oer de perioade 1700-1800; diel twa oer de jierren 1800-1900 kaam fjouwer jier letter út.
 
=== Histoarikus ===
Yn syn libben skreau Wumkes in soad histoaryske stúdzjes, biografyën en boekbesprekkings, dêr't ''Tusschen Flie en Borne. Schetsen uit de geschiedenis van Schellingerland'' (1900) de earste fan wie. Syn artikels waarden publisearre yn de tydskriften [[It Beaken]], [[Frisia (tydskrift)|Frisia]], [[It Heitelân]], [[De Holder]], [[Sljucht en rjucht]], [[De Stim fen Fryslân]] en [[De Weitstrop]]. Tusken 1913 en 1928 skreau Wumkes mear as tweintich - gauris mânske - bydragen oanfoar de [[De Vrije Fries]], it tydskrift fan it [[Provinciaal Friesch Genootschap ter Beoefening van Friesche Geschied-, Oudheid- en Taalkunde|Frysk Genoatskip]], dêr't hy jierrenlang lid fan wie. Ymposant is it feit dat hy tusken 1911 en 1937 mear as tûzen lemmata skreau foar it ''Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek'', de foargonger fan it [['Biografisch Woordenboek van Nederland]]'. Dêrneist wie hy gearstaller fan in fjouwertal mânske kompilaasjewurken, dy't hjirûnder beskreaun wurdesteane.
 
===== ''It Fryske Réveil yn portretten'' (1911) =====
Wumkes achte it behâld fan de ienheid binnen de Nederlânske Herfoarme Tsjerke fan grut belang. Hy hie dan ek belangstelling foar it [[Réveil]], in streaming binnen it protestantske kristendom dy't mear wearde hechte oan in oprjochte persoanlike leauwensbelibbing as oan strange dogmatyk. Fan 1909 ôf publisearre Wumkes yn ''Yn ús eigen tael'' biografyske sketsen fan peroanen dy't yn Fryslân in rol spile hiene. Dy libbensbeskriuwings waarden yn 1911 bondele yn ''It Fryske Réveil in portretten'', Wumkes syn earste grutte Frysktalige publikaasje. Al kenmerkekenmerken de bydragen yn dit boek har neffens lettere kritisy troch in gebrek oan ôfstân ta de beskreaune persoanen en in te detaillistyske blik, se wurde fanwegeom it der yndêryn sketste byld fan dat diel fan de protestantske leauwensmienskip dochs fan belang achte. Dit docht ûnder oare bliken út it feit dat fan it boek noch yn 1998 in Nederlânske oersetting ferskynde.
 
===== ''Bodders yn de Fryske striid'' (1926) =====
Doe 't Wumkes yn 1924 bibletekaris en haad fan de Provinsjale Bibleteek fan Fryslâ wurden wie, krige hy mear tiid om him oan it troch him leave biografyske sjenre ta te lizzen. Dat late yn 1926 ta syn twadde grutte kompilaasjewurk, ''Bodders yn de Fryske striid'', in rige libbensbeskriuwings fan persoanen dy't aktyf wiene foar de Fryske taal en kultuer. Ek op dit boek falt nei lettere mjitstêven wol ien en oar oan te merken, trochdat de ynhâld faak mear in romantysk as in wittenskiplik karakter hat. As bydrage oan de fryskeFryske skiedskriuwing wurdt ''Bodders yn de Fryske striid'' nettsjinsteandelykwols as in klassiker binnen de Fryske literatuer beskôge.
 
===== ''Stads- en dorpskroniek van Friesland'' (1930-1934) =====
Troch syn wurk yn de Provinsjale Bibleteek fan Fryslân hie Wumkes ienfâldich tagong ta in grut ferskaat oan boarnen foar syn skiedkundige en taalkundige artikels, wêrûnder alle jiergongen fan de yn 1752 oprjochte [[Ljouwerter Krante]]. Oan de hân dêrfan skreau hy foar ''De Vrije Fries'' en it [[Hepkema's Courant|Nieuwsblad van Friesland]] in soad artikels. Yn 1930 waarden dy artikels bondele yn de ''Stads- en dorpskroniek van Friesland 1700-1800''. Dêrby folde hy de perioade foar 1752 oan mei materiaal ''"uit de Statenresolutie's, Hofsentientiën, proklamatieboeken, recesboeken en predikantenlijsten"''. It twadde diel, de ''Stads- en dorpskroniek van Friesland (1800-1900)'', ferskynde yn 1934.
 
===== ''Paden fen Fryslân'' (1932-1943) =====
Wumkes syn grutste kompilaasjewurk is ''Paden fen Fryslân'', dat tusken 1932 en 1943 yn fjouwer dielen ferskynde. De measte dêryn opnomde artikels beskôge Wumkes sels as oansetten ta fierder wittenskiplik ûndersyk. Yn it boekeboek steane dan ek in soad noch mar foar in diel útwurke stúdzjes. Dêryn komme dan wol Wumkes syn grutte erudysje en syn each foar details sterk nei foaren, mar se toane tagelyk net folle djipgong. It tredde diel fan de ''Paden fen Fryslân'' is lykwols oars fan aard: dêryn waarden mear as hûndert Fryske oersettings fan brieven, deiboekfragminten en redefierings opnomd.
 
===== Wumkes en Grinslân =====
Ek de skiednis en streektaal fan [[Grinsl6anGrinslân]]h ienehiene deWumkes syn belangstelling fan Wumkes. Wumkes, dy't Fryslân seach as in brêge tusken [[Skandinavië]] en Ingelân, miende dat benammen yn de Noard-Grinslanner streken [[Hunsingoa]] en [[Fivelingoa]] in Fryske ynfloed hiene dy't yn alderlei tradysjes en yn de streektaal werom te finen wie. Dat hy him dêrfoar ynteressearre blykte yn 1904 út de ûnderwerpkar fan syn [[proefskrift]], ''De Gereformeerde Kerk in de Ommelanden tusschen Eems en Lauwers (1595-1796)''. Tusken 1906 en 1929 skreau hy faak artikels foar de Grinslanner Folksalmanak. Hy wie redakteur fan it tydskrift ''Groningen'' (yn 1916 en 1917) en fan it "'Maandblad Groningen"' (fan 1918 oant 1923). Ek levere Wumkes bydragen oan it tydskrift "'Het Noorden"' en oan ferskate Grinslanner kranten. Op basis fan artikels fan de yn 1931 ferstoarne Grinslanner histoarikus [[Jacob Vinhuizen]] foltôge hy yn 1935 dy syn ''Stads- En Dorpskroniek Van Groningen (1800-1900)''.
 
== Wurken (net folslein) ==