Content deleted Content added
13
Rigel 26:
'''Tokio''' (Japânsk: 東京 Tōkyō, betsjut "eastlike haadstêd"), neffens it [[Hepburnsysteem]] stavere as Tokyo, is de haadsted fan [[Japan]].
 
De stêd is in prefektuer yn 'ede regio [[Kanto]] op it eilân [[Honsjû]]. Yn 'e prefektuer wenje likernôch 13,3 miljoen minsken. Grut-Tokio is de grutste [[stêdekloft]] op ierde mei sa'n 35,5 miljoen ynwenners. Tokio wurdt as ien fan de fjouwer grutste wrâldstêden beskôge njonken [[Parys]], [[New York City|New York]] en [[Londen]]. Tokio is de grutste stêd fan Japan en in metropoal yn Aazje.
 
== Geografy ==
De metropoal omfietetomfiemet trije grutte stedsdielen: de trijentweintich spesjale stedsdistrikten (dy't meiïnoar Tokio Stêd foarmje); Tama gebiet, en de eilannen.
 
It part fan Tokio op it fêstelân leit noardwestlik fan de bocht fan Tokio mei en is fan east nei west 90 km en fan noard nei súd 25 km. It wurdt begrinzge troch it [[Chiba Prefektuer]] yn it easten, it [[Yamanashi Prefektuer]] yn it suden, en it [[Saitama Prefektuer]] yn it noarden. It fêstelân is yndield yn spesjale stêdsdistrikten (it eastlike part) mei westlik dêrfan it Tama gebiet (多摩地方).
Rigel 36:
 
=== Bestjoerlike yndieling ===
Under Japânske wetjouwing is Tokio in ''to'' (都, oerset: "stêdekloft"). De bestjoersstruktuer komt oerien mei oare Japânske prefekturen. Yn Tokio lizze ferskate lytsere bestjoersienheden, dy't konvinsjoneel as stêden neamd wurde. It omfiemet de trijentweintich spesjale stedsdistrikten (特別区 -ku) dy't oant 1943 meiïnoar de stêd Tokio foarmdenfoarmen. Mar no binne dat in soartsoarte gemeenten mei in eigen bestjoer, boargemaster en in ried, dy't de status fan in stêd hawwe. Boppedat hat Tokio 26 oare stêden en tretjintrettjin doarpen, dy't allegear in eigen bestjoer hawwe. It Tokio Metropolysk Regear hat in keazen gûveneur mei in fertsjinwurdiging fan de hiele Metropoal. It gebou fan dat regear stiet yn it distrikt Shinjuku. It Tokio Metropolysk Regear hat foech oer hiel Tokio, mei de marren, rivieren, dammen, boerepleatsen, eilannen en nasjonale parken.
 
=== Trije definysjes fan Tokio ===