Kubike meter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
LNo edit summary
Rigel 2:
In '''kubike meter''', gauris [[ôfkoarte]] ta '''kúb''' en ek faak werjûn mei it [[symboal]] '''m³''', is in [[ynhâld]]smjitte yn it [[metrike stelsel]] fan it [[Système International]] (SI), dy't oerienkomt mei de ynhâld fan in [[kubus]] fan 1 [[meter]] lang, 1 meter breed en 1 meter heech. In alternative beneaming foar in kubike meter, dy't selden brûkt wurdt en dan noch inkeld foar [[floeistof]]fen, is '''kiloliter'''. Yn [[Nederlân]] wurdt it [[drinkwetter]]- en [[ierdgas]]ferbrûk fan [[húshâlding]]s troch wetter- en gasmeters werjûn yn kubike meters.
 
== Foar fêste stoffen ==
By fêste stoffen sit der gauris loaze romte ([[lucht]]) tusken de stof dêr't it om giet. Dat is bygelyks by [[brânhout]] it gefal. Men sprekt dan fan in losse kúb hout, wêrby't de tuskenromtes meirekkene binne by it berrekkenjenberekkenjen fan 'e kubike meter. By in fêste kúb hout rekkenet men de tuskenromtes lykwols net mei, wat betsjut dat in fêste kúb hout mear romte ynnimt as in losse kúb hout (feitliks likernôch 1,7 kúb). De term 'stêre' is in âlde (mar noch altyd brûkte) oantsjutting foar in kreas opsteapele losse kúb hout.
 
== By gassen ==
Om't it [[folume]] fan in hoemannichte gas sterk ferminderet as it gearparstgearparse wurdt, wurde [[gas]]sen foar [[hannel]]sdoelen metten yn [[normaal kubike meter]]s (faak oantsjut as Nm³, hoewol't dat gjin offisjele ôfkoarting is fan it [[Système International|SI]], en boppedat betizing jaan kin mei de N fan [[newton (ienheid)|newton]]). In normaal kubike meter is in hoemannichte gas, technysk frij fan [[wetterdamp]], dy't by de saneamde 'normaal[[temperatuer]]', faak 0 [[Celsius|°C]] (oftewol 273,15 [[Kelvin (ienheid)|K]]) en de saneamde 'normaaldruk', faak 1,01325 [[bar (druk)|bar]], in folume ynnimt fan 1 m³.
 
Foar [[ierdgas]] wurdt it tal kubike meters fierders noch omrekkene nei dat fan gas mei in [[kalory|kaloaryske]] boppewearde fan 35,17 [[Joule|MJ]] de kubike meter. By in gas dat bygelyks in 5% hegere kaloaryske wearde hat as normaal, wurdt 5% mear normaal kubike meters yn rekken brocht. By de '[[gruthannel]]' yn ierdgas wurde de hoemannichten tsjintwurdich trouwens net mear yn kubike meters, mar yn [[kilowattoere]] ferrekkene.