Ambo: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L etymology
ûntstie
Rigel 5:
De ambo wie yn de ier-kristlike tiid in mobyl kateder, dy't brûkt waard om fan dêrôf út de [[Bibel|Hillige Skrift]] foar te lêzen. Yn de rin fan de tiid krige de ambo in fêst plak en yn de byzantynske en romaanske tiid wie it al in wichtich ûnderdiel fan de tsjerke.
 
Ut de ambo ûnstieûntstie yn de 13e iuw yn [[Itaalje]] de preekstoel en fan dy tiid ôf waard de ambo yn de westerske tsjerke oerstallich.
 
Yn de modernere tiid krige de ambo wer in plak op it alter; somtiden as oanfolling en somtiden ek as ferfanging fan de preekstoel. Yn guon tsjerken steane der op it folksalter twa ambo's: ien oan de súdlike kant foar de skriftlêzingen en ien oan de noardlike kant foar de lêzingen út de [[evangeelje]]s.