Presintaasje fan Jezus yn de Timpel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ûntstie
Rigel 8:
== Bibel ==
[[File:Aert de Gelder - Het loflied van Simeon.jpg|thumb|left|250px|''It lofliet fan Simeon'', [[Aert de Gelder]]]]
Neffens de wet fan [[Moazes]] moast eltse earstberne soan him yn de timpel sjen litte oan God. Om oan de wet te foldwaan gyngen Marije en Joazef fjirtich dagen nei de berte fan Jezus nei de timpel yn Jeruzalim. Hja namen ek in koppelkeppel dowen mei as offer. Ynjûn troch de [[Hillige Geast]] gyng ûngefear tagelyk ek de fromme [[Simeon (profeet)|Simeon]] nei de timpel om dêr de Kristus te sjen dy't God ûnthjitten hie. Doe't Joazef en Marije mei de poppe de timpel ynkamen, naam Simeon it bern op 'e earmen en priizge God mei in lofliet. Nei't Simeon de âlden segene hie seid er tsjin Marije: ''Gâns minsken yn Israel sille oer dit jonkje falle en troch Him oereinkomme. Hy is set ta in teken fan God, dat tsjinspraak opropt. Ek troch jo hert sil in swurd gean. Hoe't partij minsken oer him tinke, moat sa oan it ljocht komme.'' Wylst foege ek de âlde profetes [[Anna (profetes)|Anna]] har by it selskip.
 
It ferhaal fan de presintaaje slút oan op de nammejouwing en de besnijenis fan Jezus op de achtste dei nei de berte en giet oer twa mei inoar ferweve joadske riten, dy't harren woartels hawwe yn de foarskriften sa't dy beskreaun wurde yn it bibelboek [[Leviticus]]. De troch Lukas hantearre folchoarder (besnijenis, de suvering fan de frou en de tawijing fan it earstberne jonkje) komt oerien mei de it troch [[Torah]] fereaske tiidsskema.
Rigel 19:
 
== Liturgy ==
It tsjerklike feest fan de Presintaasje fan de Hear ûnstieûntstie yn de 4 ieuw yn Jeruzalim njonken it feest fan de [[Berte fan Jezus]]. De waard al gewach fan makke troch de kristin Egeria, dy't om 400 hinne in pylgerreis makke nei it Hillige Lân en yn har ''Itinerarium Egeriae'' ynformearret oer de kristlike liturgyske praktyk yn Jeruzalim. Oarspronlik wie de dei fêststeld op 14 febrewaris (40 dagen nei de [[Trijekeningen|epifany]] op 6 jannewaris), mar fan ôf de 6e ieuw ferskode it feest nei 2 febrewaris (40 dagen nei it heechfeest fan de Berte fan Jezus op 25 desimber). Op it feest fan de Presintaasje fan de Hear wurde yn katolike tsjerken oan it begjin fan de misse de kearsen segene en oanslutend in ljochtprosesje mei baarnende kearsen holden. De prosesje symbolisearret de yntrede fan Kristus, it Ljocht fan 'e Wrâld, yn de timpel fan Jeruzalim. De lokale parochytsjerke symbolisearret hjir de hillige stêd Jeruzalim, dêr't Kristus oanwêzich is. Sa moetsje de dielnimmers oan de prosesje by de yntocht yn de tsjerke Jezus en begeliede se it kommen fan Jezus yn ús wrâld mei it ljocht fan de kearsen.
 
==== Skiednis ====
[[FileOfbyld:Ambrogio Lorenzetti - Presentazione di Gesù al tempio - Google Art Project.jpg|thumb|250px|left|Presintaasje fan Jezus yn de Timpel (Ambrogio Lorenzetti)]]
Wylst oarspronklik it ferhaal fan Lukas sintraal stie by it feest, waarden der al gau oare saken oan tafoege. De presintaasje fan de Hear, dy't neffens it Nij-Testamintyske krystferhaal yn [[Betlehem]] berne is, waard de earste yntocht fan Jezus yn de [[David fan Israel|David]]stêd Jeruzalim. Neffens in âld gebrûk teagen eartiids alle bewenners fan in stêd harren kening yn 'e mjitte by syn earste yntocht en dat gebrûk waard al gau ek yn de liturgy yntegrearre. Oan de wei fan Jeruzalim nei Betlehem lei in kleaster, dat troch in frou mei de namme Hikelia stifte wie. Hikelia soe de muontsen kearsen meijûn ha, om dêrmei Kristus yn 'e mjitte te rinnen en dêrnei yn prosesje mei Jezus nei de hillige stêd te tsjen. Yn dy leginde woartelt de ljochtprosesje, dy't yn de 8e ieuw ynfierd waard en oant de dei fan hjoed yn katolike tsjerken in fest plak yn de liturgy fan de feestdei ynnimt (sjoch ek Lukas 2:32).