Aleksander Petsjersky: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wist net dat wy: it al hie
No edit summary
Rigel 29:
'''Aleksander (Sasja) Aronovitsj Petsjersky''' ([[Russysk]]: ''Алекса́ндр Аро́нович Пече́рский'') ([[Krementsjûk]] (no: [[Oekraïne]]), [[22 febrewaris]] [[1909]] – [[Rostov oan de Don]], [[19 jannewaris]] [[1990]]) wie in Russysk-Joadsk ofsier en organisator en oanfierder fan de opstân fan de [[Joaden|Joadske]] finzenen yn it [[ferneatigingskamp]] [[Sobibór]] yn [[Poalen]] yn de [[Twadde Wrâldoarloch]].
 
Hy waard berne as soan fan in Joadske abbekaat, dêr't de famylje fan yn 1915 ferhuze nei Rostov oan de Don. Ynearsten waard er elektrisien. Nei in universitêre stúdzje muzyk en literatuer, gyng er oan't wurk oan in muzykskoalle. Hy hie de rang fan luitenant yn it [[Reade Leger]] op it stuit dat de [[Nazy-Dútslân|Dútskers]] Ruslân ynfoelen op 22 juny 1941. By de [[Slach om Moskou]] waard er kriichsfinzene makke troch de Dútskers ûnder Vyazma yn de oblast Minsk. Fan doe ôf oan begûn de lijenswei fan it iene wurkkamp nei it oare strafkamp, dêr't by in medysk ûndersyk oan it ljocht kaam dat er in Joad wie.
== Sobibór==
== Nei de oarloch ==
Nei de oarloch kaam er werom nei Rostov-oan-de-Don dêr't er in baan fûn as betsjinner by in teater. Erkenning fan syn fertsjinsten by de opstân krige er net. Foar persoanlike moed wie ûnder it stalinisme taboe. Boppedat waarden Joaden ek nei de oarloch yn de Sovtjet-Uny beneftersteld. Yn it ramt fan it [[Proses fan Neurenberch]] waard Petsjersky troch de Russyske oerheid behindere om te tsjûgen. Sels by prosessen dy't ferbân holden mei Sobibór mocht er net prate. Dat koe er dan wer wol by it proses tsjin [[Adolf Eichmann]] dat plak hie yn Israel, mar dan allinne yn Moskou en ûnder tafersjoch fan de [[KGB]].
 
Op de ein fan it Stalin-regime waard er as Joad ferballe nei de goelag, tegearre mei syn broer. Nei de dea fan [[Josef Stalin]] en ynternasjonale druk kaam er frij, syn broer wie ûnderwilens ferstoarn. Alexander gong op 'e nij syn brea fertsjinjen yn in teater. Nei syn ferstjerren yn 1990 waard er te hôf brocht yn Rostov oan de Don, net earder as yn 2007 waard in plakkette befêstige op it hûs dêr't er wenne hie. Mar de oantins oan him soe benammen fierder libje yn films, betinkingsgearkomsten en dokumintêres.
 
== Neitins ==