Philip Vegelin fan Claerbergen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Ried fan Steat
LNo edit summary
Rigel 9:
Vegelin wie in foaroansteand adviseur fan [[Maria Louise fan Hessen-Kassel]] dêr't hy goed mei befreone wie. De relaasje mei har soan prins Willem Karel Hendrik Friso, de lettere steedhâlder [[Willem IV fan Oranje-Nassau|Willem IV]], wie ôfstanliker. Hy fûn dat de prins net altiten like ferstannich operearde en faak nei ferkearde advizen harke.<ref>{{aut|Bruggeman, Marijke}} ''Nassau en de macht van Oranje: De strijd van de Friese Nassaus voor erkenning van hun rechten 1702-1747'', side 104 en 105, útjouwerij Verloren, Hilfertsom, ISBN 978-90-6550-945-1</ref>
 
Yn [[1723]] besleaten Deputearre Steaten fan Fryslân dat it [[Dokkumer Grutdjip]] fanwege it oerstromingsgefaar ôfsluten wurde moast. Fanwege syn bekwaamheden op it mêd fan wiskunde en wurktúchboukunde waard er, tegearre mei syn kollega [[Michael Onuphrius thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg]], as kommissaris belêste mei de berdikingbediking fan it Dokkumerdjip en mei de oanlis fan de [[Dokkumer Nije Silen]]. Neidat it wurk yn [[1729]] foltôge wie waard in tinkteken oprjochte ''ter eeuwige nagedachtenis'', sa't op it tinkteken te lêzen stiet, ''van de overdijking van het Dokkumerdiep''. Ek wurdt fermelde, dat seistûzen roeden dyk Eastergoa behoede sille foar wetteroerlêst. De werklike ôfsluting fan it djip barde yn oanwêzichheid fan beide kommissarissen. Harren wapens krigen in plak op it tinkteken.
 
Vegelin troude op 6 april [[1717]] mei de widdo Susanne Elisabeth fan Essen (1707-1766) fan [[Middelburch]], dochter fan de [[advokaat-fiskaal]] fan de [[admiraliteit fan Seelân]] [[Pieter fan Essen]] en Barbara Steengragt. Harren houlik bleau sûnder bern. Vegelin ferstoar yn july 1738 yn de âldens fan 53 jier. Hy waard as grytman fan Haskerlân opfolge troch syn jongere broer [[Assuerus Vegelin fan Claerbergen|Assuerus]].