Konstantyn de Grutte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
[[]]
Rigel 2:
'''Flavius Valerius Constantinus''' (Naissus, hjoeddeiske namme [[Niš]] ([[Servje]]), [[27 febrewaris]] ±[[272]] - [[22 maaie]] [[337]]), better bekend as '''Konstantyn de Grutte''', wie in [[List fan Romeinske keizers|Romeinske keizer]]. Hy neamde himsels fan july [[306]] ôf keizer, mar waard earst yn [[308]] as keizer erkend. Fan 324 ôf hearske er allinnich oer it hiele Romeinske Ryk, mei it ferstjerren fan Konstantyn yn it jier 337 kaam der in ein oan syn bewâld.
 
Konstantyn is fral bekend wurden as de earste Romeinske keizer dy't him útsprutsen hawwe soe foar it [[Kristendom]], want troch it ûndertekenjen fan it [[edikt fan Milaan]] yn it jier 313 makke hy foar altyd in ein oan de [[Kristenferfolgingen]] yn it Romeinske Ryk. Syn grutste died wie de stifting fan in nije [[haadstêd]] foar it ryk, op it plak fan de eardere Grykske stêd [[Konstantinopel|Byzantium]], dy't hy de namme "Nova Roma" (Nij Rome) joech. De stêd krige letter de namme [[Konstantinopel]], weromgripend nei en ôflaat fan de namme fan syn stifter.
 
It taheaksel ''"de Grutte"'' efter syn namme waard him jûn foar syn grutte bydragen oan it Kristendom.