Posttraumatysk stress-syndroom: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tekst by foto oars
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
Rigel 1:
{{Berjocht:Disclaimer medyske side}}
[[File:A mask, painted by a Marine who attends art therapy to relieve post-traumatic stress disorder symptoms, USMC-120503-M-9426J-001.jpg|right|thumb|170px|In masker beskildere troch in [[Feriene Steaten|Amerikaansk]] âld-[[marinier]] mei PTSS yn it ramt fan syn terapy]]
'''Posttraumatysk stress-syndroom''' of '''posttraumatyske stress-steuring''' ('''PTSS'''), ek wol bekend ûnder [[Ingelsk]]e ôfkoarting '''PTSD''' (fan ''posttraumatic stress disorder'') is in [[geastlike steuring]] dy't him by de [[minske]] ûntjaan kin nei't men bleatsteld is oan in [[trauma]]tysk foarfal of in rige traumatyske foarfallen, lykas [[ferkrêfting]] of oare foarmen fan [[seksueel misbrûk]], in gewelddiedige [[dieverij|berôving]] of [[mishanneling]], [[oarloch]]fiering, in slim [[ferkear]]sûngemak of in útslaande [[brân]]. PTSS of soartgelikense geastlike steurings waarden al dokumintearre troch de [[Aldheid|âlde]] [[Griken]]. In spesifike foarm fan PTSS is [[shellshock]], dat foarkomt by [[militêr]]en dy't lange tiid ûnder fjoer lein hawwe. Yn it ferline waard dat net erkend as [[sykte]] en waarden lju dy't deroan litten sjoen as simulanten of lefferts. Under de [[Earste Wrâldoarloch]] waarden in protte shellshockte soldaten [[deastraf|eksekutearre]] as [[ferrie|lânferrieders]]. De term 'posttraumatyske stress-steuring' kaam yn 'e [[1970]]-er yn gebrûk doe't grutte oantallen [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] feteranen út 'e [[Fjetnamoarloch]] mei dizze [[krupsje]] oanhelle rekken. Pas yn [[1980]] waard PTSS as in echte oandwaning erkend.