Yndusbeskaving: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:CiviltàValleIndoMappa.png|thumb|''Gebiet fan de "Yndusbeskaving" mei de lizzing fan de wichtichste stêden'']]
[[Ofbyld:Statuette Mehrgarh.jpg|thumb|''Byld fan Mehrgarh'']]
De '''Yndusbeskaving''' wie in heechûntwikkele [[beskaving]] yn de [[âldheid]] (± 3300-1300 f.Kr.), mei in bloeitiid fan 2600–1900 f.Kr. It rûn fan in gebiet lâns de [[Yndus]] en de [[Ghaggar-Hakra]] rivier, no yn Noardwest-[[Yndia]] en diels [[Pakistan]]. De Yndusbeskaving waard pas ûntdekt yn de [[1920-1929|jierenjierren tweintich]] fan de 20e iuw en is frijwol allinnich út talleaze archeologyske opgravings bekend; dêrneist binne der mar inkele [[Sumearje|Sumearyske]] ferwizingen nei in saneamd "[[Meluhha]]", dy't hjirop wize koene. De wichtichste archeologyske fynplakken binne [[Harappa]] en [[Mohenjodaro]] yn Pakistan.
 
De Yndusbeschaving stiet ek bekend as ''Harappabeskaving'' (nei [[Harappa]], de earste opgroeven stêd yn de regio). Benammen yn de Angelsaksyske wrâld wurdt de term ''Indus-Sarasvatî Civilisation'' of ''Sarasvati-Sindhu Civilisation'' brûkt. Hjirby wurdt ferwiisd nei de ''Vedische beskaving'', bekend út de [[Vedysk]]e literatuer, dêr't se mei lyksteld wurdt. Dy soe neffens dizze âlde geskriften lâns de [[Sarasvaty (rivier)|Sarasvaty rivier]] bloeid hawwe, al wit men no de lizzing fan dizze rivier net seker.<ref>{{Aut|J. McIntosh}}, ''A Peaceful Realm: The Rise And Fall of the Indus Civilization'', Boulder, 2001, p. 24.</ref> Neffens guonnens<ref>[http://www.britannica.com/eb/article-9042359/Indus-civilization art. Indus civilization, yn ''Encyclopedia Britannica. Online edition'' (2007)], {{Aut|A. Parpola}}, ''Deciphering the Indus Script'', Cambridge, 1994.</ref> is de Indusbeskaving sa potinsjeel kandidaat as lokus foar it Proto-[[Dravidyske talen|Dravidysk]].
Rigel 7:
De woartels fan de religy sa't dy no troch de Hindûs belibbe wurdt, lizze yn de Yndusfallei. In beskaving dy't ± 3500 - 1500 foar Kristus bestie út no foar it meastepart Pakistan.
 
It hindoeïsme hat him benammen om 1000 foar kristusKristus ûntwikkele. De oarsprong fan it hindoeïsme is te finen 3500 foar Kristus, it begjin fan de Yndusfallei beskaving. De veda’s en oare geskriften fan dizze beskaving ûntwikkele har ta libbenswize dy't wy no noch kenne.
Yn it begjin fan de jierren tweintich waarden oerbliuwsels fûn fan in heechûntwikkele beskaving. Archeologen diene opgravings by Mahenjodaro en Harappa yn de Yndusfallei. Op segels fan spekstien waarden religieuze teksten fûn. Op de segels waarden neist teksten ek ôfbylden fûn fan bygelyks in frouljusfiguer dy't in poppe it boarst jout, in Memmegoadinne. Op in oare segel is in man mei krúste skonken te sjen, wat opyogamiditaasjeop yogamiditaasje wiist.
 
Wat wy oer de Yndusfallei beskaving witte, is basearre op materiële oerbliuwsels. De opgravingen yn de Yndusfallei hat de oarsprong fan it hindoeïsme bleat lein.
 
== Bibliografy ==
;Algemiene benadering