Sealterfrysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pyt (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 22:
Histoarysk is it Sealterfrysk fuortkommen út it [[Aldfrysk]], mar de skiednis fan it skreaune Sealterfrysk hat syn oarsprong yn de 19e iuw. It Sealterfrysk hat dialekten, elk doarp dat oarspronklik Sealterfrysktalich is hat ien, mar de ferskillen binne tige lyts.
 
== Yndieling ==
[[Ofbyld:Lânkaart terreinferlies Frysk Magna Frisia.png|thumb|250px|left|Terreinferlies fan it Frysk. It Sealterfrysk is giel ynkleure.]]
It Sealterfrysk heart ta de grutte [[Yndo-Jeropeeske talen|Yndo-Jeropeeske taalfamylje]], dy't bygelyks ek talen as it [[Frânsk]], [[Gryksk]], [[Russysk]], [[Perzysk]] en [[Hindy]] omfiemet. Mei û.m. it [[Deensk]], [[Noarsk]] en [[Sweedsk]] wurdt it ta de [[Germaanske talen]] rekkene, en dêrbinnen foarmet it mei bygelyks it [[Frysk|Westerlauwersk Frysk]], [[Dútsk]], [[Nederlânsk]] en [[Jiddysk]] de [[Westgermaanske talen|Westgermaanske taalgroep]]. Lykwols is it Sealterfrysk krekt as it Westerlauwersk Frysk nauwer besibbe oan it [[Ingelsk]] en it [[Skotsk]], wêrmei't it de [[Noardwestgermaanske talen]] foarmet. Dy falle dan wer útinoar yn 'e [[Angelsaksyske talen]] en de [[Fryske talen]]. Binnen de Fryske talen heart it Sealterfrysk ta de subgroep [[Eastfrysk]]. It Eastfrysk bestiet út twa dialektgroepen: It Iemsfrysk dat yn Grinslân en westlik East-Fryslân praat waard en it Wezerfrysk dat yn it eastlike part fan East-Fryslân sprutsen waard. It Sealterfrysk heart ta de Iemsfryske dialektgroep.
Rigel 123:
[[Ofbyld:Lânkaart_eastfrysk_taalgebiet.GIF|thumbnail|It tsjintwurdige en it eardere Eastfryske taalgebiet.]]
 
=== WerûndekkingWerûntdekking ===
It Sealterfrysk is oerlevere út optekenings fan reizgers en taalkundigen fan likernôch [[1800]] ôf. Oant de twadde helte fan de tweintichste iuw hienenhiene de [[Sealterfriezen]] eins gjin besef fan har eigen taal. Se wisten wol dat it Sealterfrysk oars wie as de [[Nederdútsk]]e dialekten dy't om harren hinne sprutsen waarden, mar hienen gjin idee dat it eins in foarm fan it Frysk wie. Ek wie it frijwol útslutend in sprektaal en bestie der gjin stavering. Pas fan likernôch [[1950]] ôf waard it Sealterfrysk as skriuwtaal brûkt. Yn de jierren 1953-1965 ferskynt it ''Lesebouk foar Seelterlound'' yn in rige krante-artikelen; de ''Seelter Trjoue'' (1966-1972) wie in tydskrift dat as opfolger dêrfan sjoen wurde kin. Yn dy tiid ferskynden ek ferskate dichtbondels en ferhalebondels.
 
=== Delgong ===
Rigel 139:
De Sealterfryske stavering is troch dr. [[Marron C. Fort|Marron Fort]] gearstald foar yn "''Saterfriesisches Wörterbuch''". Yn tsjinstelling ta eardere staveringsfoarstellen wurdt dizze oer it algemien beskôge as maklik lêsber, om't er tichteby dy fan it [[Dútsk]] bliuwt. Sa is ûnder mear de saneamde ''Großschreibung'', it Dútske gebrûk om haadwurden te begjinnen mei in haadletter, oernommen. Ek binne der guon letters mei diakrityske tekens ynfierd, dêr't guon fan al en oare net yn it [[Dútsk]] foarkomme ("ä", "ì", "ò", "ö", "ù", "ü").
 
Yn de njoggentiger jierenjierren is dy stavering wat oanpast, ûnder oare troch Pyt Kramer. De klamtekens binne hjiryn ôfskaft en heallange [[fokalen]] wurde no mei twa tekens skreaun (bygelyks ''Fugel'' > ''Fuugel''). De skriuwwizen fan Fort en Kramer wurde beide foar publikaasjes brûkt. Net ien fan beide is offisjeel fêstlein, mar op skoalle wurdt de stavering fan Marron Fort brûkt.<ref>[http://www.huentling.de/grundschule/?Saterfriesisch:Saterfriesisch_in_der_Schule:Der_Unterricht ] Saterfriesisch in der Schule</ref> In lytse ûntjouwing yn de stavering is werom te sjen oan it plaknamboerd fan it doarp [[Skäddel]] (Dútsk: ''Scharrel''), dat eartiids as ''Schäddel'' skreaun waard.
 
== Grammatika ==