Sykte fan Crohn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
LNo edit summary
Rigel 2:
[[Ofbyld:Crohn_Jejunum.PNG|thumb|right|Crohn]]
[[Ofbyld:Patterns_of_Crohn's_Disease.svg‎|thumb|200px|right|Plakken dêr't Crohn foarkomt yn 'e terms.]]
De '''sykte fan Crohn''' heart, tegearre mei [[colitis ulcerosa]] by de groanyske ûntstekkingsreaksjes fan it [[maach-termkanaal]]. Hy komt troch de hiele terms foar, mar it meast yn it lêste diel fan 'e tinnetermtinne term en it begjin fan 'e dikketerm.
 
== Oarsaak ==
Rigel 8:
 
== Klachten ==
Der binne allinnich klachten as de sykte aktyf is, dat wol sizze as de ûntstekking aktyf is. Tuskentiids hoecht immen der gjin lêst fan te hawwen. De klachten binne dan foaral pinebúk, diarree en ôffalle. Fierder is der it algemiene syksiik wêzen, net lekker fiele mei koarts.
 
Dêrneist kinne ek klachten ûntstean dy't yn earste ynstânsje net sa'n soad mei it maach-termkanaal te krijen hawwe. Sa binne gewrichtsklachten, eachûntstekkings en [[nierstiennen]] bekende klachten by Crohn. In bykommend probleem is dat ûnder aktiviteit de opname fan fiedingsstoffen troch de terms ôfnimt wêrtroch tokoarten ûntsteane.
 
=== Komplikaasjes ===
Wat by Crohn faak foarkomt binne ferbinings , [[fistel]]s tusken term en omlizzende organen. Bygelyks kin der in ferbining ûntstean tusken term en blaas, term en fagina of in iepen ferbining tusken term en hûd by de anus-iepening (''peri-anale fistel'').
 
Fierders kinne de terms ôfsluten wurden troch obstruksje, wêrtroch de terms dan útsette kinne. Der kinne [[abses]]sen yn de term komme dy't knappe kinne, wêrtroch de termynhâld frij komt.
 
== Undersyk ==
[[Ofbyld:CD_serpiginous_ulcer.jpg‎|thumb|200px|right|Endoskopie fan term. Giele plakken op de wand fan de term. Dit wiist yn 'e richtingrjochting fan in ûntstekking.]]
 
Meastentiids wurdt der bloed ôfnommen en ûndersocht op ûntstekkingsferskynsels. Faak is it tal [[wite bloedsel]]len heger as normaal en is it [[bloedgehalte]] leger ([[bloedearmoedbloedearmoede]]). Derneist is faak it [[aaiwytgehalte]] (albumine) ferlege.
 
Bloedûndersyk allinnich is net genôch om mei wissens de diagnoaze te stellen; hjirfoar is in [[endoskopy]] nedich. Mei in fleksibele buis dêr't in kamera en paktankje yn sittte, wurdt de term fan de binnenkant besjoen. As nedich kinne der ek lytse stikjes term útknipt wurde (biopt), wat ûndersocht wurde kin.
 
== Behanneling ==
Oant no ta kin de sykte net genêzen wurde. De behanneling bestiet der dan ek út om de ûntstekking te ûnderdrukken en oare ferfelende klachten, lykas diarree, pinebúk of misselikensmislikens te ferbetterjen.
 
Pasjinten ha minder lêst fan oanfallen en oare klachten at se in goed dieet folgje. Om de ûntstekking te ûnderdrukken wurde der ûntstekingsremmers jûn. Yn de lichte gefallen binne dit sulfasalazine middelenmiddels en yn slimmere gefallen [[corticosteroïden]] (lykas [[corticosteroïden|prednison]]). Derneist krije pasjinten faaks in antibioticumkuurantibioticumkuer om mooglike baktearjes út te skeakeljen.
 
Somtiden kin in operaasje nedich wêze. Dat part fan de terms dat troch de sykte net goed mear wurket wurdt dan fuorthelle. De beide losse einen kinne wer oanelkoar hechthechte wurde (anastomose) of de pasjent krijt in [[stoma]].
 
== Literatuer ==