Durk III: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 7:
 
== Konflikt met de keizer ==
In part fan it gebiet dêr't Durk it gesach oer hie, waard troch de [[biskop]]pen fan Utert, [[Trier]] en [[Keulen]] bestriden. Der stie in boarch yn [[Flaardingen]], wierskynlik op de plak dêr't no de Grutte tsjerke stiet. Fan dy boarch út twong hy keaplju dy’t mei harren skip lâns fearen, ûnderweis fan [[Tiel]] nei [[Ingelân]] en werom, om tol te beteljen. Dy keaplju en ek de biskop fan Utert [[biskop Adelbold|Adelbold]] makken beswier en frege de Dútske keizer om help. De keizer joech syn neef yn [[1018]] de opdracht om de festing ôf te brekken. Mar yn stee deroan gefochgefolch te jaan, luts hy himsels werom op de boarch. De keizer stjoerde dêrop in leger op him taôf. Dat leger stie ûnder lieding fan hartoch [[Godfried fan Verdun]] en it bestie út in float mei soldaten út Utert, Keulen en it bisdom [[Luik (stêd)|Luik]].
 
== De fjildslach yn de sompe ==
Op [[29 july]] kaam it ta in [[Slach by Flaardingen]]. It lêste stik nei de boarch moast fia lân ôflein wurde, dit wie lestich omdat it gebiet fol mei sleatten en diken lei. It duorre net lang oant it leger fan Godfried fest rûn en twongen waard om werom te gean nei de skippen om in oare rûte te finen. Op it paad wêrom rûn it leger yn in leach fan de soldaten fan Durk. Godfried makke mei syn leger in taktyske weromlûkende beweging, wêrop ien út it Fryske kamp rôp dat de foarste soldaten ferslein wienen. Derop sloech de hartoch op de flecht. De soldaten fan Godfried rekken yn panyk, guon sprongen mei wapenrêsting en al yn de rivier. Oaren kamen fest te sitten yn de sompe. Durk makke direkt gebrûk fan de panyk en it machtige leger fan de hartoch is totaal ferslein. Godfried is finzen naam. Durk wist him te oertsjûgjen fan syn rjocht om tol te heffen yn it gebiedgebiet. De hartoch is frij litten mar hy moast wol in goed wurdsje dwaan foar Durk by de keizer.
 
== Hierosolymita ==