Berber van der Geest: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 2:
'''Berber van der Geest''' ([[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[19 febrewaris]] [[1938]] - dêre, [[28 maaie]] [[2019]]) wie in [[dichteresse]], [[toaniel]]skriuwster en [[skriuwster]] fan ûnder oaren [[berneboek]]en.
 
== Libben en wurk ==
Berber van der Geest kaam út in keunstsinnige famylje. Hja gie nei de [[ULO]], die doe kantoarwurk, hoewol't sy eigentlik nei de keunstakademy woe. Letter waard sy beukerjuf/ûnderwizeresse op in skoalle yn Ljouwert en helle hja aktes foar [[Frysk]] en tekenjen. Berber van der Geest is in alsidich talint, se dichtet, skriuwt koarte ferhalen en berneboeken. Mar se is ek aktyf op it mêd fan toaniel en teater en dêrnjonken skriuwt se lietteksten: ûnder oaren Roel Slofstra en Joop Veenstra hawwe lieten fan har op har repertoire. Foar har ienakter Frij krige se yn 1974 de provinsjale toanielpriis.
Berber van der Geest kaam fan memmekant út in keunstsinnige famylje. Pake [[Jaring Walta]] wie keunstskilder en beppe Berber Rypma wie besibbe oan skilder/dichter [[Gerben Rypma]]. As famke wie Berber faak by pake en beppe yn Wytgaard.<br>
Berber van der Geest kaam út in keunstsinnige famylje. Hja gie nei de [[ULO]], die doe kantoarwurk, hoewol't sy eigentlik nei de keunstakademy woe. Letter waard sy beukerjuf/ûnderwizeresse op in skoalle yn Ljouwert en helle hja aktes foar [[Frysk]] en tekenjen. Berber van der Geest is in alsidich talint, se dichtet, skriuwt koarte ferhalen en berneboeken. Mar se is ek aktyf op it mêd fan toaniel en teater en dêrnjonken skriuwt se lietteksten: ûnder oaren Roel Slofstra en Joop Veenstra hawwe lieten fan har op har repertoire. Foar har ienakter Frij krige se yn 1974 de provinsjale toanielpriis.
 
Ynspiraasje foar har berneboeken fûn Berber van der Geest foaral yn de klas, yn it kontakt mei de bern, foar har 'it moaiste stik minske dat der is'. Se kreëarre yn har boeken in wrâld dêr't plak is foar bern om bern te wêzen en dêr't romte is foar har fantasy. Har earste berneboek It âld kammenet ferskynde yn 1983, de yllustraasjes yn it boek fersoarge se sels. Har twadde berneboek ''De hânskrobbers'' waard yllustrearre troch in tal âld-learlingen fan har beukerskoalle. ''Bartele Bûse'' kaam út yn [[1988]] en ''De Kilekanen'', skreaun as aksjeboek foar de berneboekewike, yn 1994. Beide boeken binne yllustrearre troch Laura Lava.