Andamanen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L It binne gjin fûgels of minsken
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
 
Rigel 16:
 
== Lânseigen befolking ==
Der binne twa stammen fan de [[Andamanen]] dy’t altyd kontakt mei de bûtenwrâld mijd hawwe.
 
De [[Sentinelezen]] wolle oant de dei fan hjoed gjin kontakt en wize dat faak mei geweld ôf. Sy wenje op [[Noard Sentinel]], in lyts en efterôf lizzend eilân bewesten Súd Andaman. Har oantal wurdt rûsd op sa’n 250. Op grûn fan ferkenning mei in helikopter wurdt tocht dat it tal minsken op dit eilân nei de tsûnamy fan 2004 net folle feroare is.
Rigel 22:
Der wurdt tocht dat de Sentinelezen al sa’n 60.000 jier op har eilân tahâlde. Harren taal ferskilt opfallend fan de oare talen op de Andamanen, dat it liket derop dat sy tûzenen jierren isolearre libbe hawwe. Sadwaande wurde sy beskôge as it meast isolearre folk fan de wrâld en dat kin noch lang sa bliuwe omdat Yndia besletten hat net langer te besykjen om kontakt mei harren te meitsjen.<ref>[http://www.survivalinternational.org/campaigns/mostisolated ''The most isolated tribe in the world?'']. Publikaasje fan Survival International, febrewaris 2010</ref>
 
In oare Andamanese stamme, de [[Jarawa]], libje op de grutte eilannen fan de arsjipel. Sy wiisden ek alle kontakt mei Yndjers en Europeanen ôf, mar sûnt de oanlis fan in dyk troch harren gebiet yn 1997, komme guonts somtiids troch honger dreaun út de bosken wei om te biddeljen foar iten. It tal Jarawa wurdt rûsd op 300 persoanen.
 
== Keppelings om utens ==