Dronkenskip: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
No edit summary
Rigel 1:
[[File:Michelangelo_drunken_Noah.jpg|right|thumb|250px|''De Dronkenskip fan [[Noäch]]'', troch [[Michelangelo]], út [[1509]].]]
'''Dronkenskip''', '''dronkenheid''' of '''dronkenens''', yn [[wittenskip]]like sin eins '''alkoholfergiftiging''', is in oantsjutting foar de [[lichem|fysike]] en [[geast|mentale]] effekten dy't feroarsake wurde troch in heech [[alkohol]]gehalte yn it [[bloed]] nei it koart tefoaren [[drinken]] fan in oansjenlike hoemannichte [[alkohol]]hâldendealkoholhâldende [[sterke drank|drank]]. It [[tsjinstelde]] fan dronkenskip is [[nofterens]]. Immen dy't ûnder de gefolgen fan dronkenskip ferkeart, is '''dronken'''. Dêrby wurde ferskate floeiend yninoar oergeande stadia ûnderskaat. As immen net alhiel nofteren mear is, wurdt sein dat hy of sy '''oansketten''', '''besnústere''', '''smûsterich''', '''snústerich''', '''oansangere''' of '''sangerich''' is. As de dronkenskip wat slimmer is, seit men dat immen '''healdronken''' is. [[Synonimen]] fan 'dronken' binne '''skean''', '''slingerich''', '''ûnbekwaam''' en '''wynsk'''. En as immen hielendal net mear oansprekber is, wurdt sein dat hy of sy '''smoardronken''' of '''stomdronken''' is. Immen dy't (faak) dronken is, wurdt wol in '''dronkenlap''' of '''sûplap''' neamd.
 
==Symptomen==
[[Symptoom|Symptomen]] fan lichtere foarmen fan dronkenskip (oanskettenens of healdronkenens) binne minne [[lichem]]skoördinaasje en in lichte [[bedwelming]], dy't foar de dronken persoan ornaris oanfielt as in oangename sweverigens. By hegere doazes alkohol kinne har de foljgende symptomen foardwaan: [[Untspande útspraak|ûndúdlik praten]], it sizzen fan dingen dy't yn nofteren tastân nea sein wurde soene, muoite mei [[rinnen]] en úteinlik [[koarjen]]. It ta jin nimmen fan ekstreem hege doazes alkohol, it saneamde [[komasûpen]], is libbensgefaarlik, mei't dat resultearje kin yn in [[hypofentilaasje|]], ôfnommen fermogen]] ta [[sykheljen]], liedend ta in steat fan [[koma]], [[herststilstân]] en úteinlik, as der net op tiid [[genêskunde|medyske behanneling]] plakfynt, de [[dea]]. [[Komplikaasje (genêskunde)|Komplikaasjes]] dy't by dronkenskip optrêde kinne, binne in [[hypoglysemyhypoglykemy|lege bloedsûkerspegel]], [[tafal (set)|tafallen]], [[sykhellingslongûntstekking]], [[hypotermy|ûnderkuolling]] en alderhanne [[ferwûning]]s troch minne bewegingskoördinaasje en it net mear by steat wêzen om goed [[tins|nei te tinken]], oant [[selsmoard]] oan ta.
 
==Behanneling==
Rigel 12:
 
Dronkenskip komt in soad foar, benammen yn 'e [[Westerske wrâld]], dêr't de measte [[minske]]n dy't net [[hielûnthâlding|hielûnthâlders]] binne wolris dronken west hawwe. Alkohol is datoangeande de meast brûkte [[rekreätive drug]] fan 'e wrâld en út 'e [[skiednis]] fan 'e [[minskheid]]. Wat faker oft men alkohol drinkt, wat mear [[ymmuniteit]] oft men derfoar opbout. Dêrtroch hawwe lju dy't faak drinke mear alkohol nedich om dronken te wurden as lju dy't nea of selden drinke. It drinken fan it protte alkohol kin liede ta in [[ferslaving]] dy't [[alkoholisme]] hjit. Yn 'e [[Feriene Steaten]] allinnich al liedt dronkenskip ta 2.200 [[dea]]den yn 't [[jier]], en yndirekt ta mear 30.000 deaden yn 't jier. Frijwol oeral is it ferbean om yn dronken tastân langere tiid (en foar omstanners faak hinderlik) bûtendoar om te springen; soks hjit [[iepenbiere dronkenskip]], en it is in [[misdriuw]] dêr't men almeast in [[nacht]] foar yn in [[finzenissel|sel]] op it [[plysjeburo]] set wurde kin of in [[jildboete|boete]] foar oplein krije kin. It bestjoeren fan in [[auto]] of in oar [[motor]]risearre [[ferfiermiddel]] is in slimmer misdriuw, dat [[riden ûnder ynfloed]] hjit. Behalven foar de dronken persoan sels is dat ek fral gefaarlik foar oare ferkearsdielnimmers. Guon [[religy]]en, lykas de [[islaam]] en it [[mormonisme]], ferbiede it ynnimmen fan alkohol en beskôgje dronkenskip dêrom as in [[sûnde]].
 
== Sjoch ek ==
* [[Alkoholisme]]
* [[Hielûnthâlding]]
 
{{boarnen|boarnefernijing=