It Bilt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Part fan Fryslân: db: rintmaster
→‎Geografy: db: sleat (wetter)
Rigel 46:
 
== Geografy ==
It Bilt lei yn it noarden fan 'e [[Nederlân]]ske [[provinsje]] [[Fryslân]], oan 'e [[kust]] fan [[it Waad]]. It hearde ta de [[Klaaistreek]] en dêrbinnen ta de [[Bouhoeke]]. Yn it [[noardeasten]] waard It Bilt begrinzge troch [[Ferwerderadiel]], yn it [[súdeasten]] troch [[Ljouwerteradiel]], yn it [[suden]] troch [[Menameradiel]] en yn it [[westen]] troch [[Frjentsjerteradiel (1984-2018)|Frjentsjerteradiel]]. Foar [[1984]] waard it yn it westen begrinzge troch [[Barradiel]]. It Bilt hie in totaal [[oerflak]] fan 116,48  [[km²]], dat bestie út 92,37  km² [[grûn|lân]] en 24,11  km² [[oerflaktewetter]] (wêrûnder in diel fan 'e [[Waadsee]]). De [[kust]]line fan It Bilt meat 15,4 km.
[[FileOfbyld:Overzicht voorgevel en rechter zijgevel boerderij met stal - Sint Annaparochie - 20345409 - RCE.jpg|thumb|left|220px|In [[winkelheakpleats]] yn [[Sint-Anne]].]]
 
Opmerklik is dat Bilt is dúdlik foarme wie as in [[polder]], mei rjochte [[wegen]], [[sleat (wetter)|sleat]]ten en [[feart]]en. Dêrtroch omfette de gemeente ek de langste [[strjitte]] fan Nederlân: de [[Aldbiltdyk]] (12,5  km). Fierders hie It Bilt de apartichheid dat in soad [[pleats]]en de [[skuorre]] dwers op 'e [[huzinge]] hiene, in pleatstype dat [[winkelheakpleats]] hjit.
 
===Plakken===
It Bilt omfieme sân [[doarp]]en. It [[haadplak]] wie [[Sint-Anne]] ([[Biltsk]]: ''Sint-Anne''), en de oare seis doarpen wiene: [[Aldebiltsyl]] (''Ouwe-Syl''), [[Froubuorren]] (''Froubuurt''), [[Minnertsgea]] (''Minnertska''), [[Nij Altena]] (''Nij Altena''), [[Sint-Jabik]] (''Sint-Jabik'') en [[De Westhoek]] (''De  Westhoek''). Nij-Altena krige pas yn [[2006]] de status fan doarp en wie foartiid in [[útbuorren]] fan Sint-Anne. Minnertsgea waard by de [[gemeentlike weryndieling]] fan [[1984]] by It  Bilt foege en hearde dêrfoar by [[Barradiel]]. Oant dy tiid omfieme de gemeente ek in diel fan it doarp [[Alde  Leie]], dat op It  Bilt de status fan in [[útbuorren]] hie; dat waard lykwols yn [[1984]] by [[Ljouwerteradiel]] foege, krekt as it diel fan Alde  Leie dat yn [[Ferwerderadiel]] lei. [[Buorskip]]pen op It Bilt wiene: [[Nijebiltsyl]] (''Nije-Syl''), [[De Oasthoek]] (''De Oasthoek''), [[Swarte Haan]] (''Swatte Haan'') en [[Buerstermûne (buorskip)|Buerstermûne]] (''Froubuurtstermôln''), dat foar in diel op It Bilt en foar in diel yn [[Ljouwerteradiel]] lei.
 
== Skiednis ==