Ferskil tusken ferzjes fan "Piet de Jong (politikus)"

L
Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje
(was een)
L (Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje)
De [[Katolike Folkspartij]] (KVP) socht yn 1959 in opfolger foar [[steatssekretaris]] [[Harry Moorman|Moorman]] fan Marine. De Jong waard frege en op 27 juny 1959 waard er steatssekretaris yn it [[kabinet-De Quay]]. Hy moast dêrfoar ynderhaasten lid fan de KVP wurde.
 
Dêrnei wie er minister fan Definsje yn de kabinetten [[Kabinet-Marijnen|Marijnen]], [[Kabinet-Cals|Cals]] en [[Kabinet-Zijlstra|Zijlstra]]. De Jong reorganisearre de Nederlânske definsje yn fertikale rjochting, rjochte op spesjalisaasjes fan Nederlânske taken by de [[Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje|NAFO]]. Dat kaam him op krityk te stean fan minsken dy't hawwe woene dat Nederlân selsstannich en ûnôfhinklik oarloch fiere kinne moast. Fierder soarge De Jong foar in koartere tsjinstplicht en besunige er. Keninginne Juliana neamde De Jong in in petear mei minister-presidint [[Jo Cals]] yn 1965 ''"een zeldzaam prettig en ongecompliceerd man."''<ref>Maas, P.F. (1982) Kabinetsformaties 1959-1973, s. 240</ref> Yn 1967 waard er beneamd ta premier en minister fan Algemiene Saken yn it [[kabinet-De Jong]].
 
De Jong waard minister-presidint yn de woelige jierren 60 mei ûnder oaren de [[Provo]]-beweging. Under druk fan nije ûntjouwingen naam it regear in rige maatregelen. Maaie 1967 krige de Amsterdamske boargemaster [[Gijs van Hall|Van Hall]] op steande foet dien. Yn de ryksbegrutting foar 1968 wiene ekstra middelen ornearre foar it op'en nij besjen fan it jongereinbelied. De demonstraasjefrijheid waard útwreide: foar leuzen en spandoeken wie net mear yn't foar fergunning fan de boargemaster fereaske.<ref>Eric Duivenvoorden, Rebelse jeugd, s. 163-164</ref> Fierder yntrodusearre De Jong de parsekonferinsje nei ôfrin fan de ministerried. Under De Jong waard ek it wyklikske petear tusken steatshaad en reageringslieder ynsteld. Op it mêd fan de sedelikheid kamen der ek fernijingen. Sa waard it iepenlik ferkeapjen fan foarbehoedmiddels (1971) net langer strafber en it bewizen fan [[oerhoer]] ferfoel as eask yn de skiedingsproseduere. Troch it kabinet-De Jong waard ek op 1 jannewaris 1969 de [[Omsetbelesting|btw]] (''Belasting Toegevoegde Waarde'') ynfierd.<ref>[http://geschiedenis.vpro.nl/programmas/2899536/afleveringen/4768590/items/4770481/ ''De komst van de BTW''], geschiedenis.vpro.nl</ref>