Cali: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
sa dan
L [[]] better
Rigel 23:
| webside = [http://www.cali.gov.co// Webstee fan Cali]
}}
'''Cali''' is de haadstêd fan it departemint Valle del Cauca yn it suden fan [[Kolombia]]. It is it yndustriële en kommersjele sintrum fan de Cauca-delling. Cali hat goed twa miljoen ynwenners en is de twads grutste stêd fan it lân, nei de haadstêd [[BogotaBogotá (stêd)|Bogotá]] en de twadde stêd [[Medellín]]. Yn Cali wurde kofje, [[katoen]], [[sûkerreid]], fleisguod en sojabeanen ferhannele. Teffens wurde dêr bannen, [[tabak]]sprodukten, [[tekstyl]], [[papier]], gemyske produkten en boumaterialen makke.
 
De stêd hat seis universiteiten en it haadkertier fan it Cauca-dellingsûntwikkelingsprojekt is dêr festige. De wichtichste toeristyske trekplasters fan Cali binne in akwadukt en in kathedraal. Ek is dêr in bysûndere [[bistetún]] yn Cali festige: de Zoológico de Cali.