Dronryp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 54:
[[File:Eise Eisinga stânbyld Dronryp.JPG|right|200px|thumb|De [[stânbyld|búste]] fan [[Eise Eisinga]] yn syn berteplak Dronryp.]]
 
Yn it lêst fan 'e [[Twadde Wrâldoarloch]], op [[woansdei]] [[11 april]] [[1945]], brochten de [[Dútslân|Dútsers]] fjirtjin gizelders út it hûs fan bewar yn Ljouwert nei Dronryp ta, nei't it Rypster ferset mei springstof tusken Ljouwert en Frjentsjer in [[trein]] ûntspoare litten hie. Om't de [[brêge]]Brêge oer it nijeVan [[kanaalHarinxmakanaal (wetterweiDronryp)|kanaalde brêge oer]] de [[Harnzer Trekfeart]] iepenset wie, en men dêr dus net fierder koe, waarden de finzenen dêr út 'e frachtwein helle en oan 'e [[igge]] fan it kanaal, oan 'e westkant njonken it [[talud]] fan 'e brêge, deasketten. Op it plak dêr't dizze [[Dronryp-represaille]] útfierd waard, stiet noch altyd in [[tinkteken]] yn 'e foarm fan in grut wyt krús. De nammen fan 'e slachtoffers binne: Sybrandus van Dam, Oudger van Dijk, Johannes Marinus Ducaneaux, Heinrich Harder, Dirk de Jong, Hendrik Jan de Jong, Ruurd Kooistra, Johannes Nieuwland, Hendrik Joze Spoelstra, Douwe Tuinstra en de bruorren Egbert Mark Wierda, Klaas Jan Wypcke Wierda en Hyltje Wierda. De fjirtjinde man, Gerard de Jong, waard neitiid troch it ferset swier ferwûne tusken de liken fan 'e oare slachtoffers weihelle, en oerlibbe de moardpartij op wûnderbaarlike wize, temear om't de slachtoffers ûnder skerpe Dútske bewekking 24 oeren ûnoanroerd bleaune.
 
==Doarpsbyld==