Cali: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]] better
No edit summary
Rigel 14:
| bestjoerlike ienheid 2 = Departemint
| namme bestjoerlike ienheid 2= Valle del Cauca
| boargemaster = Norman Maurice Armitage
| stêdsyndieling =
| stifting = [[1536]]
Rigel 20:
| tiidsône = UTC-5 ([[UTC]]-5)
| simmertiid = UTC-5(UTC-5)
| koördinaten = 3°27′ NB 76°32′ WL
| webside = [http://www.cali.gov.co// Webstee fan Cali]
}}
[[Ofbyld:Colombia - Valle del Cauca - Santiago de Cali.svg|thumb|Lokaasje fan Cali yn Valle del Cauca en Kolombia]]
'''Cali''', of '''Santiago de Cali''', is de haadstêd fan it departemint [[Valle del Cauca]] yn it suden fan [[Kolombia]]. It is it yndustriële en kommersjele sintrum fan de Cauca-delling. Cali hat goed twa miljoen ynwenners en is de twads grutste stêd fan it lân, nei de haadstêd [[Bogotá (stêd)|Bogotá]] en de twadde stêd [[Medellín]]. It is de grutste stêd fan it súdwesten fan Kolombia. Yn Cali wurde kofje, [[katoen]], [[sûkerreid]], fleisguod en sojabeanen ferhannele. Teffens wurde dêr bannen, [[tabak]]sprodukten, [[tekstyl]], [[papier]], gemyske produkten en boumaterialen makke.
 
De stêd hat seis universiteiten en it haadkertier fan it Cauca-dellingsûntwikkelingsprojekt is dêr festige. De wichtichste toeristyske trekplasters fan Cali binne in [[akwadukt]] en in kathedraal[[katedraal]]. Ek is dêr in bysûndere [[bistetún]] yn Cali festige: de ''Zoológico de Cali''.
 
== Skiednis ==
Cali waard yn [[1536]] stifte troch de [[Spanje|Spaanske]] feroverer Sebastián de Belalcázar, mar wie it grutste part fan syn skiednis net folle fan betsjuttenis. Yn [[1811]] rôp de stêd syn ûnôfhinklikens út fan Spanje, tegearre mei fiif oare stêden yn de Cauca-delling.
 
Yn de [[tweintichste iuw]] woeks de stêd tige hurd. Yn de fyftiger jierren ferdûbele de befolking fan de stêd.
 
Op [[7 augustus]] [[1956]] ûntploften sân Kolombiaanske legerfiertugen mei 42 ton dynamyt by it treinstasjon. Acht strjitblokken fan de stêd rekke swier skansearre. 1000 minsken kamen dêrby om it libben.
 
Yn de tachtiger jierren wie de stêd yn negatyf nijs, om't der in beruchte drugsbinde yn Cali fêstige wie, de saneamde [[Kartel fan Cali]]. Neitiids kaam Cali yn better deiljocht te stean.
 
== Klimaat ==
It klimaat yn Cali is dat it der almeast waarm is mei in trochsneed temperatuer fan 26.8 °C, en bytiden aardich hjit. De luchtfochtigens is heech en benammen nachts is der in kuoljende wyn, troch de oanwêzigens fan bergen dy't de stêd omkringe. De stêd sels leit op sa'n 1000 meter hichte, dêrtroch't der gjin [[malaria]] foarkomt. Der is hast gjin ferskil yn seizoenen, om't Cali tichte by de [[evener]] leit.
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.cali.gov.co/ Offisjele webstee fan Cali]
 
== Galery ==
<gallery widths="150" heights="150">
Augusto Ilian Rio Cali Cali.jpg|Sintrum fan Cali
Christ King.jpg|''Cristo Rey''
Iglesia la Ermita en un dia de agosto.jpg|Tsjerke ''La Ermita''
Iglesia la Merced Cali.jpg|Tsjerke ''La Merced''
Cali theatre.JPG|Teäter ''Enrique Beneventura''
Sebastián de Belalcázar (Mirador).jpg|Stânbyld fan Sebastián de Belalcázar
</gallery>
 
{{clear}}
{{Commonscat|Cali}}
 
{{Koördinaten|6_27_N_76_32_W_type:city_zoom:15_region:CO|6° 27' NB, 76° 32' WL}}
 
 
[[Kategory:Plak yn Kolombia]]