Freelance: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Kat:wurk--->kat. arbeid
L [[]]
Rigel 1:
'''''Freelance''''' is in term dy't tafoege wurde kin oan in berop (wêrby't it foarôfgiet oan 'e namme fan it oangeande berop), om oan te jaan dat de beskreaune persoan net yn fêste tsjinst is. Soks komt fral faak foar yn 'e sektor fan 'e [[sjoernalistyk]], dêr't men bgl. gauris sprekt fan in ''freelance''-[[sjoernalist]], in ''freelance''-[[fotograaf]] of in ''freelance''-[[ferslachjouwer]]. Dêrmei wurdt dus bedoeld dat sa'n sjoernalist of fotograaf net yn fêste tsjinst fan in [[krante]] of [[tydskrift]] stiet en dat sa'n ferslachjouwer net oan in beskate [[omrop]] of stjoerder ferbûn is. Ynstee behannelje se ûnderwerpen dy't se sels ynteressant fine of wêrfan't se ferwachtsje dat der fraach nei wêze sil, en besykje dy efterôf te ferkeapjen oan kranten, tydskriften of [[tillefyzje]]- of [[radio]]stjoerders.
 
De term ''freelance'' waard yn 'e [[Ingelsk]]e [[taal]] yntrodusearre troch de ferneamde [[Skotlân|Skotske]] [[skriuwer]] sir [[Walter Scott]] ([[1771]]-[[1832]]), dy't der yn syn [[histoaryske roman]] ''[[Ivanhoe]]'', út [[1820]], mei ferwiisde nei "frije [[Lâns (wapen)|lâns]]en", oftewol [[ridder]]s dy't yn ruil foar jild foar in persoan of saak fjochtsje woene (yn tsjinstelling ta ridders dy't ûnder it [[feodalisme|feodale stelsel]] as [[lienman]] trou sward hiene oan in [[lienhear]]). Om 'e [[1860]]-er jierren hinne ferskode de betsjutting fan letterlik nei figuerlik (en koene dus lju út alderhanne [[berop]]pen dermei oantsjut wurde), en yn [[1903]] waard it troch it gesachhawwende ''Oxford English Dictionary'' erkend as in [[tiidwurd]] (ien dy't as wurket sûnder fêst tsjinstferbân, is oan it ''freelancen''). Pas sûnt de [[1960]]-er of [[1970]]-er jierren waard ''freelance'' yn it Ingelsk as [[eigenskipswurd]] brûkt en benammen yn dy foarm is it mei in tuskenstap yn it [[Nederlânsk]] sûnt de tachtiger jierren it [[Frysk]] ynkrongen.
 
{{boarnen|boarnefernijing=