Buttemastate: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
 
Rigel 4:
[[Ofbyld:Buttemastate Moarre 1 20100424.jpg|thumb|''''It âlde steed fan Buttemastate'']]
Mei oare "hoeflingen byder oestersyde der Pasen" sleat Syds Buttema him yn [[1490]] oan by it Bûn mei Grins. In dochter fan him wie yn [[1511]] eigener fan it grutste diel fan Sybetsma steed yn Moarre. Gabbe Riptema, kommend fan Eanjum en wenjend yn Dokkum, wie grif mei in dochter fan Syds Buttema troud. Hy wie yn 1511 nammentlik eigener fan Buttemastate en waard ek Gabbe Ripten Botma neamd. Syn ûnderstelde neiteam, wêroer hjirûnder mear, besiet om 1550 Sybesma steed yn Moarre.
Gabbe Riptema hearde ta de lytse haadlingen. Ek syn neisieten sleaten aadlike houliken (mei Aesgema fan Baard, Bolta, Heemstra, Bootsma, Gratinga). Yn 1505 waard hy rekkene ta de edelen fan Dongeradiel. Yn ferskate doarpen yn Dongeradiel hie hy besittings. (Sjochsjoch [[Riptemastate|Riptema]] te Eanjum ). Yn syn testamint betocht hy syn susters en syn broer en - nei harren dea - de kleasters Sion en Gerkeskleaster, dêr't dyen yntrede wiene.
 
Nei alle gedachten hie Gabbe boppedat in dochter, Rents Bottema. Hja wie yn elk gefal syn erfgenamt, want yn har testaminten fan om 1550 liet har mearder goed nei dat yn 1511 eigendom fan Gabbe west hie, wêrûnder Riptema te Eanjum en it al neamde goed Buttema en Sybetsma yn Moarre. Rents troude earst mei Epe Doekes Aesgema, stoarn foar/yn 1528, dêrnei mei NN Bolta; út beide houliken hie se bern. Anna Epes Aesgema erfde om 1550 27 pûnsmiet lân yn Buttema, har healbroer Tjaert Bolta de rest fan "Buttema of Botema guet ende staeten metten steen boven eerde ende onder eerde, met die landen, eygendom ende heerlicheden daertoe behorende". Yndie treden dêrnei de Bolta's yn Moarre op as ynwenners mei oansjen. Mooglik is harren state Buttema bedoeld mei it troch Sibrandus Leo oanjûne adelshûs Bolta te Moarre. Yn 1580 wie Tjaert Bolta syn soan Gerlif administrateur fan de tsjerkefâdij fan Moarre. Omtrint 1585 wie de state eigendom fan Wyger Gabbes, gritenijfolmacht, dykgreve fan Eastdongeradiel en stamfaar fan in nije famylje Botma, fan rike eigenierden.