Anthony Christiaan Winand Staring: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 12:
Syn wize fan eksploitaasje fan syn bûtenpleats wie yn dy tiid tige bysûnder. De ''lânman'' Staring hie omtinken foar de natoer, mar ek foar it ferlet fan it minskdom. Hy liet op ''De Wildenborch'' in skoalle bouwe, dêr't de bern fan boeren en lânarbeiders ûnderwiis krigen (lykas [[Tolstoi|Lev Tolstoi]] dat letter ek die op ''Jasnaja Poljana'').
 
== Politikus ==
Staring waard yn 1797 keazen as lid fan de Twadde Nasjonale Fergadering, mar naam dy funksje net oan. Fan 1802 oant 1805 wie er lid fan it bestjoer fan departemintaal Gelderlân. Fan 1812 oant 1813 wie er presidint fan de kantonnale ried Lochem. Yn maart 1814 naam er diel oan de Gearkomste fan Notabelen . Hy wie fan 1814 oant 1831 lid fan Provinsjale Steaten fan Gelderlân, mei in ûnderbrekking fan twa jier yn de perioade 1824-1826 <ref>parlement.com. A.Ch.W. Staring</ref>.
== Houliken ==
Staring boaske op 6 juny 1791 yn [[Almen]] oan Everdina Maria van Löben Sels (1765-1794). Hy troude fannijs op 22 july 1798 te Maarssen mei Johanna Andrea Charlotte van der Muelen (1774-1843). In soan út it twaddehoulik wie de boskbouwer, geolooch en wettersteatkundige [[Winand Staring (geolooch)|Winand Carel Hugo Staring]] (1808–1877). In dochter út it twadde houlik - Constantia - liet de [[Staringkoepel]] oan de [[Berkel (rivier)|Berkel]] sette.