Waadeilannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 4:
== Untsteansskiednis ==
=== Stiging fan de seespegel ===
Yn de lêste [[IisstiidIistiid]], dy’t sawat 10.000 jier foar Kristus einige, lei de [[seespegel]] ûngefear 60 meter ûnder it hjoeddeiske nivo. Troch it ranen fan de [[iiskape]]n riisde de seespegel en oerspielde it wetter de foar it grutste part drûchfallen Noardsee. De hjoeddeiske kustline waard ûngefear 5.000 jier foar Kristus berikt. Troch eb- en floedwurking en oanfier fan rivieren waard in protte sân nei de kust transportearre. Wetter en wyn heappe it sân op by stiennen en efter begroeiing.
 
Der ûntstie in grutte en oanslutende rige dunen dy’t him útstrekte fan it tsjintwurdige [[Belgje]] oant de mûning fan de [[Elbe]], tichtby wêr’t no [[Hamburch]] leit, mei allinnich iepenings foar de rivieren. Fan dêr moat in twadde dunerige nei it noarden rûn wêze.