De Aventoeren fan Tom Sawyer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
 
Rigel 34:
{{Plotbedjer}}
Tom, Huck en Tom syn freon Joe Harper pike út nei in eilân yn 'e rivier, om seerôvers te wurden. Wylst sy dêr fan harren nijfûne frijheid genietsje, begjint it harren stadichwei te daagjen dat de ynwenners fan St. Petersburg de rivier oan it drêgjen binne op 'e siik nei harren liken. Tom glûpt op in jûn it stedsje wer yn om it trelit yn eagenskou te nimmen. Nei't it him eefkes muoit om it fertriet fan syn famylje, rekket er yn 'e ban fan it lumineuze idee om syn eigen begraffenis te besykjen. Mei Huck en Joe wachtet er oant de tsjerkklok it roulet liedt, it leedfolk yngien is en de dûmny úteinset is mei syn preek, ear't se de tsjerke binnenkomme. Troch de blidens fan harren famyljes om har libben en wol wer te sjen ûntkomme se ek noch oan in fertsjinne straf.
[[File:Tom Sawyer 1876 frontispiece.jpg|thumb|left|200px|OmslachyllústraasjeOmslachyllustraasje fan 'e earste útjefte fan ''The Adventures of Tom Sawyer'', út [[1876]]. <br><small>([[True Williams]] (1839–1897))</small>]]
 
As er werom is op skoalle, wit Tom Becky har geunst werom te winnen troch de straf op him te nimmen foar in boek dêr't sy troch rimpenens in skuor in makke hat. Koarte tiid letter begjint it proses tsjin Muff Potter. Tom, waans skuldgefoelens him oermânsk wurde, tsjûget dan tsjin Injun Joe. Potter wurdt frijsprutsen, mar Injun Joe naait út ear't er oppakt wurde kin. Dêrnei begjint Tom foar syn libben te freezjen, mei't Injun Joe op frije fuotten bliuwt en persiis wit wêr't Tom wennet.