Sint-Urbanustsjerke (Dorum): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
Rigel 1:
[[Ofbyld:Dorum Kirche.jpg|thumbnail|Sint-Urbanustsjerke ]]
[[Ofbyld:Dorum Kirche 2.jpg|thumbnail|Yngongsportaal út 1920]]
De '''Sint-Urbanustsjerke''' ([[Dútsk]]: ''St.-Urbanus-Kirche'') is in protestânsk ([[Evangelysk-Luterske Tsjerke|evangelysk-lutersk]]) tsjerkegebou yn [[Dorum]], in plak yn it [[Friezen|Fryske]] [[Lân Woersten]] yn de Dútske [[Landkreis]] [[Cuxhaven (distrikt)|Cuxhaven]]. De tsjerke is wijd oan [[paus]] [[Urbanus I]]. Tegearre mei de [[Sint Willehadustsjerke (Wremen)|Sint-Willehadustsjerke]] yn [[Wremen]] en de tsjerke fan [[Imsum]], is de tsjerke de haadtsjerke fan de troch Friezen stifte Lân Woersten. De âldste dielen fan de tsjerke datearje út de 13e iuw. In houten tsjerke en in gebou fan [[dowestien]] giene oan it hjoeddeiske godshûs foarôf. It gebou en it ynterieur tsjûgje tsjintwurdich noch fan it eartiidske wolwêzen fan de krite.