Hartog Beem: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
No edit summary
Rigel 2:
 
== Wurkpaad ==
Beem waard grutbrocht yn de lytse joadske gemeente fan Hurderwyk. Nei it heljen fan de [[MULO]] en de [[kweekskoalle]] waard hy ûnderwizer, ûnder oaren yn [[De Helder]] en [[Zierikzee]]. Yn de jûnsoeren studearre er [[Dútsk]]. Augustus 1929 folge syn beneaming as learaar Dútsk oan de gemeentlike [[HBS]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], dat soe er bliuwe oant 1958. Yn de jierren 1940-1942 wie er rektor fan it Joadsk lyseum yn Ljouwert, dêrnei moast er mei syn frou ûnderdûke. Beem wie ek tige aktyf yn de [[Joadske gemeente Ljouwert]], sa joech er les yn joadske skiednis en yn [[Jiddysk]].
 
Nei de [[Twadde Wrâldkriich|oarloch]] sette Beem útein mei de Joadske skiedskriuwing, benammen oer de ''mediene'', de joadske mienskippen bûten [[Amsterdam]], mar ek oer bygelyks [[Israel]] en it [[zionismesionisme]]. Syn kollums ferskynden yn it Nieuw Israëlisch Nieuwblad.
 
== Privee ==
Yn 1920 boaske Beem oan Rosette Kannewasser († 1973), sy krigen trije bern. De âldste ferlear al foar de oarloch it libben by in autoûngemak. De twa oare bern waarden yn de oarloch fermoarde yn in [[ferneatigingskamp]].
 
== Wurk <small>(karút)</small> ==
* ''Jeroscha'' (1959)
* ''Uit Mokum en de mediene'' (1974)
* ''De Joden van Leeuwarden'', Van Gorkum, [[Assen]] (1974)
* ''Pinkas, Geschiedenis van de Joodse Gemeenschap in Nederland'', mei J. Michman, en D. Michman ; Ede/[[Antwerpen (stêd)|Antwerpen]] 1985, Kluwer/ [[Jeruzalem]] 1985, Yad Vashem.
* ''De Verdwenen Mediene, Mijmeringen over het vroeger joodse leven in de provincie''
Rigel 18:
== Priis ==
* 1980 [[Piter Jellespriis]], foar syn wurk oer alle aspekten fan it Joadske libben yn in ''miene'', en fan fan de [[Joadske gemeente Ljouwert|Ljouwerter Joadske mienskip]] yn it bysûnder.
 
== Keppeling om utens ==
* [https://www.joodsebibliotheek.nl/auteur/SEo/Hartog-Beem/ Hartog Beem by de joodsebibliotheek.nl] mei foto.
 
{{boarnen|boarnefernijing=