Salt Lake Temple: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = ''Salt Lake Temple'' | ôfbylding = Salt Lake Temple, Utah - Sept 2004-2.jpg | ôfbyldingsbreedte =..."
 
red
Rigel 39:
 
== Skiednis ==
Mei de bou fan de timpel waard op 6 april 1853 útein set. Brigham Young, de twadde presidint en profeet fan de [[Mormoanen|Mormoanske]] mienskip, lei de earste stien foar it bouwurk. Ynearsten soe sânstien foar de bou út in lokalelokaal groevestiengat brûkt wurde, mar it die bliken dat dy stien ûngeskikt wie. Fanôf 1858 waard granyt út de ''Little Cottonwood Canyon'', sa'n 30 kilometer súdeastlik fan de boulokaasje, helle. It ferfier dêrfan folge mei [[okse]]weinen en fanôf 1869 oer it spoar.
 
De bou rekke jimmeroan wat efterop en mei de ferfolging fan de Mormoanen kaam yn de jierren 1880 de bou hielendal stil te lizzen. Nei it ôfskaffen fan de [[polygamy]] yn 1890 en it dêrmei gearhingjende ein fan de ferfolging, koe it wurk wer trochgong fine. Doe't de bou lang om let foltôge wie, wijde Wilford Woodruff de timpel op 6 april 1893 yn; krekt fjirtich jier letter nei de earstestienlizzing.
Rigel 45:
De timpel is 64 meter heech en stiet op in grûnoerflak fan likernôch 23.500 m² en foarmet it sintrum fan it 40.000 m² grutte Temple Square. Lykas mei alle timpels fan de Mormoanske mienskip is de tagong allinne mooglik foar eigen leden mei tastimming fan harren eigen biskop.
 
It foar de timpel lizzende frij tagonglike ''Main Street Plaza'' waard yn 1999 foar USD 8.100.000 troch de stêd oan de Mormoanen ferkocht. Dêrmei waard de grûn partikulier terrein dêr't de Mormoanske regels jilde. Buorden meitsje de besiker dúdlik dat eltse persoan sûnder opjefte fan reden de tagong ta it terrein wegere wurde kin. Oanlieding foar it setten fan de buorden wie in frijend homopear, dy't op fersyk dêrfan wegeren it hiem te ferlitten en fan hiemfredebrek beskuldige waarden.
 
== SimbolykSymbolyk ==
Yn it mormoanske leauwe foarmet symbolyk in wichtich tema. Ooan de timpel is in soad symboalyske fersierings te sjen. Ek binne der simboalensymboalen fan de [[frijmitselderij]] te sjen.
De gouden ingel Moroni op de spits fan de toer symbolisearret de ingel [[Iepenbiering fan Jehannes|Iepenbiering]] 14:6.