Amfiteater: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
stikje red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Croatia Pula Amphitheatre 2014-10-11 11-04-27.jpg|thumb|right|300px|''It amfiteater fan Pula, dit teater wurdt tsjintwurdich noch brûkt foar tsjongerijsjongerij en foarstellings.'']]
 
In '''amfiteater''' is in rûn of ovaal iepen gebou út de [[Romeinen|Romeinske]] âldheid dat benammen brûkt waard foar [[gladiator]]fjochtpartijen, jachtpartijen en fjochterijen mei wylde bisten. It wurd is in gearfoeging fan de wurden ''amfi'', dat ''oan beide kanten'' betsjut en ''teater'', dat ''oanskôgingsplak'' betsjut, omdat it de foarm fan twa tsjin elkoar sette healrûne teaters hat.
 
Eins binne amfiteaters de foarrinners fan nijmoadrige [[stadion]]s en [[arena]]’s.
 
== Foarskiednis ==
Ut de tiid fan de [[Etrusken]] stamje de earste histoaryske feiten wat lykspullen oangiet. By de beïerdiging fan immen organisearren de neibesteanden fjochtpartijen tusken persoanen ta eare fan de deade. DizzeDy fjochtpartijen waarden ''munera'' neamd, wat ferplichting betsjut.
 
Folle letter, yn de tiid fan it [[Romeinske tiidrek]], nimmenamen dizze riten in selsstannige foarm oan en wurdewaarden de fjochtpartijen troch [[senator|senatoaren]] organisearre om it publyk te fermeitsjen. Sa krigen de senatoaren de geunst fan it publyk. Ek nodoe noch waarden dizze fjochtpartijen munera neamd.
 
== Histoarysk Amfiteateramfiteater ==
[[Ofbyld:Colosseum-interior.01.JPG|thumb|right|250px|''It Kolosseum fan Rome.'']]
 
It earste permaninte bekende permaninte Romeinske amfiteater waard boud yn [[Pompeii]] neidat in [[koloania]] of Romeinske feteranen harren dêr te plak settenfêstige hienen yn [[80 foar Kristus]]. Foar dy tiid waarden fjochterijen hâlden yn it forum fan [[Rome (stêd)|Rome]] en oare stêden.
 
It meast ferneamde amfiteater is it [[Kolosseum]] fan Rome, mar ek op guon oare plakken fan it eardere [[Romeinske Ryk]] binne noch amfiteaters te finen. De amfiteaters fan plakken as [[Verona]] yn [[Itaalje]] en [[Nimes]] en [[Arles]] yn [[Frankryk]] binne hast noch hielendal heul en wurde tsjintwurdich brûkt foar opera’s en toanielfoarstellings. Yn Frankryk wurde der ek wol bollefjochterijen[[bollefjochterij]]en hâlden. Ek oare amfiteaters, bylgelyks dy fan [[Pula]] yn [[Kroaasje]], binne noch yn in goeie steat en wurde brûkt foar sjongerij en dat soarte saken. Yn [[El Djerm]] yn [[Tuneezje]], [[Trier]] yn [[Dútslân]] en tal fan oare plakken binne ek noch oerbliuwsels fan âlde amfiteaters te sjen.
 
Ek yn Nederlân hat in Romeinsk amfiteater fan de Romeinen stien, by [[Nymwegen]] stien, of wol it [[Amfiteater fan Nymwegen]]. It moat krekt bûten [[Ulpia Noviomagus Batavorum]], sa at Nymwegen troch de Romeinen neamd waard, steanstien hawwe. De bou fan it stadion wurdt rûzd op it begjin fan de [[1e iuw]].
 
In amfiteater bûten Itaalje waard troch de Romeinen sjoen as in symboal fan Romeinsk boargerskip. Der binne sa’n 230 amfiteaters fûn troch it hiele gebiet fan it eardere Romeinske Ryk.
Rigel 25:
Skaaimerken fan amfiteaters út dy tiid binne:
* In ûnder de arena en de tribunes rinnende haadgong dy’t lykop rint mei de lange as mei tal fan sydpaden en romten foar (rôf)bisten, ta dea feroardielden en opslachplakken foar materiaal.
* De flier fan de arena wie fan hout, mei dêrop in dikke laach sân. Dit wie nedich om it bloed op te fangen. It sân waard sa no en dan ek ferfong.
* By it Kolosseum wie de arena fan de tribunes skieden troch in fjouwer meter hege muorre mei lege iepenings mei (nei alle gedachten) doarren wêrtroch't de liken fan deade bisten en minsken út de arena sleept waarden.
* De tribunes wienen ferdield nei sosjale status. De bêste plakken foaroan wienen foar minsken mei hege funksjes, dêrboppe kamen de sitplakken foar de bettere begoedige stân en dêr wer boppe de plakken foar it gewoane folk. De froulju fan de senatoaren sieten nei alle gedachten hielendal boppe yn.
Rigel 32:
[[Ofbyld:Arlesarena.jpg|thumb|right|250px|''It amfiteater fan Arles. Dit teater wurdt ek no noch brûkt foar konserten.'']]
 
In dei programdeiprogram moat der faaks sa útsjoen hawwe:
* Moarns: Fjochtpartijen tusken bisten of mei minsken tsjin bisten.
* Om de middei hinne: Iepenbiere [[eksekúsjes]]. Dit barde troch in gewoane slach mei it swurd. Mar ek waarden der wol minsken dea makkedeamakke op manearen basearre op de Grykske mytology.
* Middeis: Gladiatoaren, man-tsjin-man fjochterijen.
 
Rigel 45:
[[Ofbyld:Hollywood bowl and sign.jpg|thumb|left|250px|''De Hollywood Bowl yn de Feriene Steaten''.]]
 
Tsjintwurdich wurdt der wol gebrûk makke fan tydlike amfiteaters, of nijmoadrich amfiteater. Der moat dan net tocht wurde oan de ovalen amfiteaters fan earder, mar oan de Grykske foarm fan in teater, in heale ovaal. Dit soarte amfiteater wurdt hjoed -de -dei in protte brûkt foar muzykkonserten en foarstellings. Ek by [[iepenloftspul]]len wurdt wol gebrûk makke fan in soart fan nijmoadrich amfiteater.
 
Dit soart amfiteater is in protte yn de [[Feriene Steaten]] te finen. Dêr is ek it grutste fan dit soart, it [[Hyundai Pavilion]] yn [[Devore]]. Hjir kinne wol 65.000 minsken yn. In oar ferneamd gebou is de [[Hollywood Bowl]], dêr’t in protte grutte konserten hâlden wurde.
 
== Natuerlike amfiteaters ==
In natuerlik amfiteater is in romte dy't leit ynop in plak mei steile hellings of stienformaasjes dy't op natuerlike wize lûd wjerkeatse. Sadwaande is it goed te brûken foar foarstellings. Dizze plakken hoege net perfoarst foar dat doel brûkt te wurde.
 
Foarbylden binne [[Drakensberch]] amfiteater yn [[Súd-Afrika]], de Gorge Amfiteater yn de Feriene Steaten en it Echo amfiteater yn [[Nij-Meksiko]].