Alvemarretocht: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
No edit summary
Rigel 1:
De '''Alvemarretocht''' is in [[Toertocht (reedriden)|reedriderstocht]] fan tusken de 70-120 kilometer dy't by de alve marren fan Fryslân lâns giet. It is krekt as de [[Alvestêdetocht]] in 'klassiker' dy't foar it earst hâlden waard yn 1940 en ferfolgens yn 1941, 1942, 1946, 1954, 1956, 1963, 1982, 1985, 1986, 1987 en 1997. De tocht bestie earder út in toertocht en in wedstriid, mar troch de komst fan it [[Prinses Margrietkanaal]], wêrtroch de ferbining mei it marrengebiet ferbrutsen rekke is der gjin wedstriid mear hâlden. De stêd Snits is startplak en finish.
 
Sûnt 1982 wurdt de Alvemarretocht troch de iiswegensintrale Snits-Wymbritseradiel-Drylts yn gearwurking mei de iiswegesintrales fan Sleat , Gaasterlân, Nijefurd en Boalsert-Wûnseradiel. It trajekt giet oer fearten, poelen en marren (11) yn de Súdwesthoek fan Fryslân lâns sân fan de alve stêden nl. [[Snits]], [[Drylts]], [[Sleat]], [[Starum]], [[Hylpen]], [[Warkum]] en [[Boalsert (stêd)|Boalsert]].