Joost Klein: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Sybrand (oerlis | bydragen)
Sybrand (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 6:
Doe't Joost 10 jier âld wie, yn 2008, begûn er mei filmkes op YouTube.
 
== MuzykkarriêreKarriêre ==
=== Muzyk ===
Mei syn single "Bitches" berikte hy in miljoen werjeften YouTube. Joost stie koart ûnder kontrakt by Top Notch yn 2017 en 2018, mar besleat letter in eigen label op te setten, mei de namme Albino Sports.<ref>[https://www.emerce.nl/wire/miljard-views-top-notch-youtube-kanaal Miljard views op Top Notch Youtube kanaal] ''Emerce.nl''</ref> ''[[Albino (album)|Albino]]'' wie it earste album dat hy er 18 jannewaris 2019 op syn eigen label útbrocht. Earder, op 20 oktober 2017, brocht er al de mixtape [[Scandinavian Boy|''Scandinavian Boy'']] út. It titelnûmer dêrfan is seis miljoen kear beharke op [[Spotify]]. By syn optreden op [[Lowlands]] 2019 krige er dêrfoar in [[gouden plaat]].
 
Line 12 ⟶ 13:
 
Ein 2019 brocht Joost syn twadde album fan it jier út, mei de titel ''[[1983 (album)|1983]]''. Dat ferwiist nei it jier fan berte fan syn broer, ek syn manager. Op ''1983'' wurket Joost benammen gear mei de produsinten Mick Spek, Kauwboy en Tantu Beats.
 
==== Diskografy ====
 
===== Albums =====
 
* 2016: ''Dakloos''
* 2017: ''Scandinavian Boys''
* 2018: ''M van Marketing'' (mei [[Donnie]])
* 2019: ''Albino''
* 2019: ''1983''
 
===== Singles =====
 
* 2016: ''Bitches''
* 2017: ''Feminist on da Block'' (mei [[Donnie]])
* 2018: ''Meeuw''
* 2018: ''Ome Robert''
* 2018: ''Parmezaan en Linkerbaan'' (mei [[Donnie]])
* 2018: ''Chubby''
* 2018: ''Glaassie Water''
* 2019: ''Buurman''
* 2019: ''Midlife Crisis''
* 2019: ''Joost Klein 2''
 
=== Skriuwer ===
Yn 2018 skreau Joost in boek. It is in dichtbondel mei de namme Albino. Hy hat it skreaun omdat syn heit ek in boek skreaun hat. It boek is dus eins ek foar syn heit, fertelt er: "Hij zei me dat ik ook een boek moest schrijven, net als hij. Dus toen een uitgeverij vroeg of ik dat wilde doen dacht ik 'wow dit kan niet beter', ik had het in mijn hoofd al af. Het is echt vet om iets tastbaars in mijn handen te hebben. Op YouTube en met mijn muziek is alles virtueel en dit is heel anders."<ref>[https://www.metronieuws.nl/musiccity/2018/11/albino-een-roetsjbaanrit-door-een-fucked-up-brein Albino: een roetsjbaanrit door een fucked up brein] op ''metronieuws.nl''</ref>
 
Joost Klein hat ek meiwurke oan de ferhalebondel 3PAK, dat yn 2019 it boekewykgeskink foar jongerein wie. Syn ferhaal yn 3PAK hjit 'Brüders auf Berlin'. De oare twa skriuwers dy't in ferhaal yn dizze bondel ha, binne Margje Woodrow en Karin Amatmoekrim.
 
== Sosjale media ==