Ofslútdyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 7:
 
== Skiednis ==
Al yn de 17e iuw waarden de earste plannen makke foar in ôfslútdyk, mar yn dy tiid bleau it by plannen; der waard oannommen dat it drûchlizzen fan de [[binnensee]] technysk net útfierber wêze soe. Dat feroare earst yn yn [[1886]]. Dat jier waard de Suderseeferieniging oprjochte, dy’t ûndersykje woe ofoft de Sudersee ek ynpoldere wurde koe. Yngenieur Cornelis Lely wie der ek lid fan en hy makke it plan foar it projekt. Yn [[1913]], doe’t Lely al minister fan Wettersteat wie, waard de [[ynpoldering]] yn it regearprogram opnommen. Yn dy tiid wiene der noch in protte protesten, mar nei de [[wettersneed fan [[1916]] wie de tiid ryp foar it projekt en twa jier letter gie it parlemint dan ek akkoart.
 
Yn juny [[1920]] gie it projekt fan start. Der waard begûn mei it oanlizzen fan de Amsteldjipdyk fan [[Noard-Hollân]] nei [[Wieringen]], dat yn dy tiid noch in eilân wie. Sân jier letter begûn de oanlis fan de Ofslútdyk echt. Der waard besletten om by fjouwer plakken te begjinnen. Fan de beide kanten ôf, yn [[Fryslân]] en Noard-Hollân, en fan it wurkeilân [[Breesân (wurkeilân)|Breesân]] ôf.
Rigel 19:
 
=== Twadde Wrâldoarloch ===
Oan it begjin fan de [[Twadde Wrâldkriich]], mei de [[Dútslân|Dútske]] oanfal op [[Nederlân]] yn [[maaie]] [[1940]], is der tige fûl fochten om de Ofslútdyk en de skermutselingen binne letter ferneamd wurden ûnder de namme [[Slach om de Ofslútdyk]]. De Dútsers hawwe út alle macht besocht om oer de Ofslútdyk te kommen, mar dat is harren net slagge.
 
Yn it [[Kazemattemuseum]] by [[Koarnwertersân]] wurdt omtinken jûn oan dat barren.