Kobe Bryant: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 9:
| bertedatum = [[23 augustus]] [[1978]]
| berteplak = [[Philadelphia]] ([[Pennsylvania]])
| stjerdatum = [[26 jannewaris]] [[2020]]
| stjerplak = [[Calabasas]]
| etnisiteit =
| grutte = 1,98 m
Rigel 24:
| prestaasjes = [[File:Gold medal with cup.svg|15px]] [[Olympyske Spullen]]: 2x goud<br>[[File:Gold medal with cup.svg|15px]] [[National Basketball Association|NBA kampioenskip]]: 5x goud
}}
'''Kobe Bean Bryant''' ([[Philadelphia]], [[Pennsylvania]], [[23 augustus]] [[1978]] - [[Calabasas]] ([[Kalifornje]]), [[26 jannewaris]] [[2020]]) iswie in Amerikaanske eardere basketbal-spiler, dy't syn folsleine tweintichjierrige profkarriêre foar de [[Los Angeles Lakers]] spile. Mei de Lakers waard Bryant fiif kear kampioen yn de [[National Basketball Association|NBA]]. Syn heit, Joe "Jellybean" Bryant, hat ek in ferline yn de [[National Basketball Association|NBA]]: hy spile foar de Philadelphia 76ers, de San Diego Clippers en de Houston Rockets.
 
== Biografy ==
Rigel 30:
 
=== Titels yn de NBA ===
 
In pear jier nei syn debút as basisspiler groeide Bryant al út ta in superstjer. Mei Bryant, Shaquille O'Neal en coach Phil Jackson pakten de Lakers trije titels op rige: 2000, 2001 en 2002. Letter ûntstienen der hieltyd mear irritaasjes tusken de trije. Jackson neamde Bryant yn in boek net te coachen en Bryant fûn dat O'Neal net bot genôch foar de sport libbe.
 
=== Strafsaak ferkrêfting ===
 
Yn 2003 waard Bryant beskuldige fan ferkrêfting. In hotelmeiwurker sei dat Bryant har twongen hie ta seks. Bryant joech ta dat se seks hân hiene, mar dat it op frijwillige basis bard wie. De frou sette de strafsaak net troch, om't se har privacy beskermje woe en dus net yn it iepenbier tsjûgje woe.
 
=== 81 punten ===
 
Op moandei 23 jannewaris 2006 skoarde Bryant 81 punten yn de wedstriid tsjin de Toronto Raptors. Dêrmei stiet er op it twadde plak yn de list fan meast skoarende spilers yn ien wedstriid. Allinnich Wilt Chamberlain makke oait mear punten yn ien wedstriid: yn 1962 makke hy foar de Philadelphia Warriors 100 punten.
 
Line 44 ⟶ 41:
 
=== Mear kampioenskippen ===
 
Dêr kaam feroaring yn doe't de Lakers yn it seizoen 2007/2008 fersterking krigen: [[Pau Gasol]] kaam oer fan de [[Memphis Grizzlies]]. De Lakers einigen op it earste plak yn de Western Conference en Bryant waard útroppen ta MVP: de meast weardefolle spiler. Nei't de Lakers yn de play-offs [[Denver Nuggets]], [[Utah Jazz]] en [[San Antonio Spurs]], wêrtroch't de ploech foar it earst sûnt 2004 wer yn de finale stienen. Dêryn wiene de [[Boston Celtics]] fan [[Paul Pierce]], [[Kevin Garnett]] en [[Ray Allen]] te sterk.
 
Line 50 ⟶ 46:
 
=== Lêste jierren ===
 
Yn de jierren dêrnei foel de ploech stadichoan útinoar. De Lakers hellen de play-offs noch wol in pear kear, mar kamen net mear yn de finale. Op 12 april 2013 skuorde Bryant de [[achillessine]]. Acht moannen letter kaam er foar it earst wer yn aksje, mar hy waard nea wer de âlde.
 
Line 59 ⟶ 54:
 
Fjouwer jier letter, by de Spullen yn Londen, stiene deselde twa lannen yn de finale. En op 'e nij wûn Amearika, diskear mei 107-100.
 
=== Dea ===
Bryant siet op 26 jannearis 2020 mei syn dochter Gianna en acht oare minsken oan board fan syn [[helikopter]] doe't dy boppe Calabasas (yn de buert fan [[Los Angeles]]) delstoarte. Net ien fan de ynsitters oerlibbe it ûngemak.
 
== Dear Basketball ==
Line 68 ⟶ 66:
{{Commonscat|Kobe Bryant}}
 
{{DEFAULTSORT:Bryant, Kobe]]}}
[[Kategory:Amerikaansk basketballer]]
[[Kategory:Amerikaansk Olympysk dielnimmer]]
[[Kategory:Amerikaansk sporter fan Afro-Amerikaansk komôf]]
[[Kategory:Persoan dy't omkommen is by in fleantúchûngemak]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1978]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn 2020]]