Aagje Deken: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanf. fan nl:
No edit summary
Rigel 10:
Yn 1776 begûn de briefwiksel tusken Aagje Deken en [[Betje Wolff]], dy't doe al in pear wurken op har namme brocht hie. Yn oktober fan datselde jier moeten se inoar foar it earst. Nei't yn 1777 Betjes man, dûmny Wolff, stoar, luts Deken by Wolff yn. Yn septimber 1777 hierden se tegearre in hûske yn [[De Ryp]], en publisearren hja harren earste mienskiplike wurk: ''Brieven''. Yn 1781 urf Deken goed 13.000 gûne en de twa ferhuzen nei yn it bûten ''Lommerlust'' yn [[Beverwyk]]. Se hawwe tegearre noch de ''Historie van mejuffrouw Sara Burgerhart'', dat in grut sukses waard, en de ''Historie van den heer Willem Leevend'' skreaun.
 
Ut ûnfrede mei de situaasje yn eigen lân (nei it delslaan fan de opstân fan de [[patriotten]] yn 1787) ferhuzen Wolff en Deken yn 1788 nei Trévoux yn [[Boergonje (hartochdom)|Boergonje]]. Yn 1789 ferskynde 'Wandelingen door Bourgogne'. Tusken 1793 en 1796 skreaune se oan de ''Historie van Mejuffrouw Cornelia Wildschut, of De gevolgen van de opvoeding'', in [[roman]] yn 6 dielen.
 
Om reden fan jildkrapte moasten se yn 1797 weromgean nei Hollân, dêr't hja harren yn Den Haach nei wenjen setten. Aagje Deken stoar dêr op it lêst, op 14 novimber 1804, njoggen dagen nei [[Betje Wolff]]. Beide waarden beïerdige op it hôf Ter Navolging yn [[Skeveningen]].