Albert Einstein: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
1997kB (oerlis | bydragen)
Lebel: Weromsetting
st; ûnderskrift
Rigel 1:
[[Ofbyld:Albert Einstein Head.jpg|right|thumb|Albert Einstein yn 1947]]
'''Albert Einstein''' ([[Ulm]], [[14 maart]] [[1879]] - [[Princeton]], [[18 april]] [[1955]]) wie in [[Joad]]sk [[Dútslân|Dútsk]]-[[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[natuerkunde|teoretysk natuerkundige]]. Hy wurdt sjoen as ien fan de belangrykste natuerkundigen út de skiednis.
 
Rigel 10:
Twa jier letter krige Einstein in baan by it Switsersk Patintburo yn [[Bern (Stêd)|Bern]]. Dêr wie hy in sekuere en in attinte wurknimmer. Dizze perioade dy’t duorre fan [[1902]] oant [[1909]], skreau Einstein in soad oer teoretyske natuerkunde. De measte teksten skreau hy yn syn frije tiid, sûnder help fan natuerkundige boeken of gelearden. Yn jannewaris 1903 troude hy mei Mileva Maric, in [[Hongarije|Hongaarsk]] famke dat hy koe út syn studintetiid. In jier letter waard in dochter berne, Liederl. In jier letter krigen se in soan, [[Hans Albert]]. Yn 1905 skreau Albert Einstein op seisentweintichjierrige leeftyd de grûnbegjinsels fan de ferneamde [[relativiteitsteory]]. Hy stjoerde op 30 juny in artikel nei in Dútsk tydskrift. De namme fan it artikel wie: ‘Feroaringen en ûntwikkelingen yn de elektroanika dynamika’. Hjiryn is foar it earst sprake fan <math> E = mc^2 \!</math>.
 
Yn [[1910]], doe't harren soan Eduard ien jier âld wie, ferhúzenferhuzen de Einsteins nei [[Praach]]. Albert Einstein krige dêr in folweardige oanstelling as heechlearaar oan de Dútske universiteit. Yn [[1912]] ferhuze Albert Einstein nei [[Surich]] dêr't hy as professor yn de teoretyske natuerkunde te wurkjen gie. Undertusken wie hy dwaande mei syn nije teory oer de [[swiertekrêft]]. Hy wurke yn Surich oant hy twa jier letter direkteur waard fan it [[Kaiser Wilhelm-ynstitút]] yn Berlyn. De famylje Einstein ferhuze nei [[Berlyn]], mar syn frou Mileva en de bern gongen werom nei Surich, wat it begjin fan in skieding waard. Yn augustus bruts de [[Earste Wrâldkriich]] út.
 
== De âldere Einstein ==
Rigel 18:
 
== De Twadde Wrâldkriich ==
[[Ofbyld:Niels Bohr Albert Einstein3 by Ehrenfest.jpg|thumb|right|Albert Einstein mei [[Niels Bohr], sa. 1925]]]
Einstein wie 53 en op de top fan syn karriêre doe't hy yn [[1932]] as [[joad]] fielde dat it foar harren net feilich bliuwe soe yn [[Nazi]]-[[Dútslân]]. Derom ferhuzen Albert en Elsa yn [[1933]] mei de boat nei de [[Feriene Steaten]]. Se setten har ta wenjen yn [[Princeton]], [[Nij Jersey]]. Yn [[1936]] ferstoar Elsa nei in koart siikbêd. Doe't yn [[1939]] de [[Twadde Wrâldkriich]] útbruts, skreau Einstein in brief oan Presidint [[Franklin D. Roosevelt]], mei de warskôging dat Dútslân mooglik dwaande wie mei it bouwen fan in [[atoombom]]. De Feriene Steaten gongen dêrnei ek oan de slach om in atoombom te bouwen. Dat projekt waard it [[Manhattan projekt]] neamd. Einstein wie dêr ek by belutsen.