Krasnojarsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
red
Rigel 19:
Webside= [http://www.admkrsk.ru/Pages/default.aspx admkrsk.ru]
}}
'''Krasnojarsk''' ([[Russysk]]: Красноя́рск) is in stêd oeroan de rivier de [[Jenisej (rivier)|Jenisej]] yn sintraal [[Ruslân]]. itIt is de bestjoerlike haadstêd fan de Krai Krasnojarsk en mei in ynwennertal fan 1.095.286 (2019) nei [[Novosibirsk]] en [[Omsk]] de op twa nei grutste stêd fan [[Sibearje]]. De stêd is in wichtich knooppunt foar it Trans-Sibearyske Spoar en ien fan de grutste aluminiumprodusinten fan Ruslân.
 
Krasnojarsk is ek ferneamd fanwegen it natuerlike lânskip; de skriuwer [[Anton Tsjechov]] neamde Krasnojarsk ien fan de moaiste plakken fan Sibearje.
 
== Skiednis ==
[[File:Before1733.jpg|thumb|left|250px|<center>''Krasnojarsk foar 17ee1733''</center>]]
Krasnojarsk waard yn 1628 as in ''ostrog'' (houten fêsting) troch [[kozakken]] troch Andrei Dûbenski stifte. Oarspronklik wie dat ûnder de namme "Krasni Jar" (ôflaat fan de turksktalige namme fan it plak: "reade helling"). De fêsting moast [[Jenisejsk]] foar oanfallen fan de [[Kirgizen]] beskermje. De nije delsetting stie oan de noardlike grins fan de Kirgizyske delsettings, op fjouwer dagen mei hynder en wein fan Jenisejsk. De Kirgizen foelen de nije fêsting oan, mar seit slagge slaggenharren net de fêsting te oermasterjen. Tsjin 1690 hie Ruslân de macht yn Sibearje definityf fêstige en Krasnojarsk krige stedsrjochten. Nei de frede mei [[Mantsjoerije]] yn 1728 ferlear Krasnojarsk jimmeroan mear it strategyske belang as militêre foarpost. Nettsjinsteande de frede bleau de stêd ynearsten wat efter de groei. In brân yn 1773 ferneatige hast de hiele stêd en mar 30 hûzen waarden sparre. Tsjin it ein fan de 18e iuw hie de stêd noch mar 850 ynwenners, wêrfan 80 % soldaten.
[[File:104 Красноярск Общий вид с кладбища.jpg|thumb|left|250px|<center>''Krasnojarsk yn de 19e iuw''</center>]]
Yn 1822 waard it gûvernemint Jenisejsk stifte en Krasnojarsk waard doe it bestjoerlike sintrum fan dat gûvernemint. It gebiet fan it gûvernemint kaam likernôch oerien mei de hjoeddeiske kraj. Der ûnstiene fasiliteiten dy't by in stêd hearden, de earste stiennen gebouwen waarden boud, de stêd krige in park en in printerij en fral de oansluting op it Transsibearyske Spoar yn 1895, dat Krasnojarsk mei it sintrum fan it Ryk ferbûn, brocht de stêd in sterke ekonomyske ympuls. In pear jier letter waard de spoarbrêge oer de Jenisej iepene en Krasnojarsk waard it grutste transportknooppunt fan Sibearje.
Rigel 94:
De Paraskeva Pjatnitsa-kapel stiet op de heuvel Karaulnaja (letterlik wachtheuvel) boppe de stêd. Oarspronklik wie de lokaasje in plak foar de heidenske kultus, letter stie dêr in wachttoer fan de fêsting fan Krasnojarsk. De kapel waard yn 1804 boud en yn de jierren 1852-1855 troch de arsjitekten J. Alfejev en J. Nabalov op 'e nij boud. Yn de Sovjet-tiid rekke de kapel bûten gebrûk en yn ferfal. Mei de Perestrojka waard de kapel wer renovearre.
 
Yn de buert fan de Kommûnalni-brêge leit it histoaryske en etnografyske museum. De kolleksje mei û.o. in grutte samling fan âlde ôfbylden fan Sibearje wurdt yn in gebou yn Egyptyske geboustyl bewarre. Oan de kaai yn it sintrum fan de stêd leit it Museum-skipmuseumskip Sint-Nikolaas. Op 1 july 1891 arrivearre tsarevitsj Nikolaas Aleksandrovitsj (de lettere tsaar [[Nikolaas II fan Ruslân|Nikolaas II]] mei it fracht- en passazjiersskip yn Krasnojarsk. Mei it skip waard op 30 april 1897 ek [[Vladimir Lenin]] ferfierd nei it plak dêr't er hinne ferballe waard. It Lângoedmuseum fan Vasili Soerikov besit mear dan 90 wurken fan de ferneamde yn Krasnojarsk berne keunstskilder [[Vasili Soerikov]].
 
In tige opfallend gebou fan Krasnojarsk is nea foltôgfoltôge. De bou fan de 28 ferdjippings hege kantoartoekantoartoer wie koart foar de Perestrojka mei útein set, mar einige mei it ûnstjoer fan de politike feroarings yn dy tiid.
 
Tichteby Krasnojarsk leit it ferneamde natoergebiet Stolbi (Russysk : Столбы, "pylders"). De namme komt fan de oant 100 meter hege rotsen.
<gallery mode="packed" heights="150px" caption="Ofbylden">
Zheleznodorozhnyjj most, the railway bridge over the Yenisei in Krasnoyarsk, Russia, view from the left bank.jpg|''Spoarbrêge''