Jaap Boersma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanf. fan nl:
Rigel 8:
As minister yn it [[kabinet-Den Uyl]] keas er meast de kant fan de progressive bewâldslju. Hy wie net te benaud om krûdige útspraken te dwaan, sa as: de [[Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy|VVD]] is de partij fan de trije H's: helje, hawwe en hâlde.
 
Yn 1978 koe er it net mear fine yn de [[CDA]]-fraksje en stapte er oer nei it bedriuwslibben en waard tsien jier letter lid fan de [[Partij fan de Arbeid|PvdA]]. Dy partij ferliet er ek wer, nei't dy grutte yngrepen yn de sosjale sekerheid goerkard hie. Yn 1996 sei er dat er tenei faaks op [[Paul Rosenmöller]] stimme soe.
 
Nei't er de Twadde Keamer ferlitten hie, sette er ôf nei boukonsern OGEM, dêr't er haad fan de difyzje bou en technyk waard. Dêr krige er yn 1981 dien, nei't er yn in fraachpetear yn it wykblêd ''[[Vrij Nederland]]'' kollega-bestjoerder J. Bartels in ''"geldwolf en absolute nul"'' neamde. Nei 1,5 jier wurkleazens, waard er tanksij syn âld-kollega [[Jan Schaefer]] (PvdA), direkteur fan de ''Gemeentelijke Stadsreiniging Amsterdam''.<br>
Hy wurke dêr oant syn pensjoen.
 
Yn 1985 publisearre er syn [[memoires]], ''Wat ik nog zeggen wilde''.
 
== Keppeling om utens ==
* {{nl}} [http://www.parlement.com/9291000/biof/00146 Drs. J. (Jaap) Boersma, Parlemint & Polityk]
 
{{Boarnen|boarnefernijing=
* Foar boarnen, noaten en referinsjes sjoch: [[:nl:Jaap Boersma (politicus)]]
}}
 
{{DEFAULTSORT:Boersma, Jaap}}