Bruorren Marx: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
 
Rigel 3:
De '''Bruorren Marx''' wienen [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] bruorren dy't muzyk en letter ek komedy makken.
 
Oarspronklik wie it in famyljegroep, mei mem en muoike, mar as ''De Bruorren Marx'' wienen it allinnich fjouwer bruorren. Der hawwe lykwols fiif bruorren oan mei dienmeidien, om't njonken [[Groucho Marx|Groucho]], [[Chico Marx|Chico]] en [[Harpo Marx|Harpo]] ien fan harren jongere bruorren meidie. Oarspronklik wie dy lêste Gummmo, mar doe't dy yn it leger gie waard syn plak oernaam troch Zeppo. Doe't de groep ferneamd waarden en films makken, wie dat mei dy fjouwer bruorren. De rolferdieling tusken de bruorren wie doe sa dat de âldste trije bruorren elts in eigen persona hienen, wylst Zeppo de rjochte man wie. Foar de films paste dat lykwols minder, dat Zeppo keas foar in nij wurkpaad yn de [[technyk]], dêr't er úteinlik miljonêr mei wurden is. De oare trije buorren gongen fierder mei de films, oant 1949. Nei dy tiid begûn Groucho by de tillevysje.
 
De nammen fan de bruorren wienen net oannaam foar de sjo; it wienen de bynammen dy't brûkt waarden yn it Marx-húshâlden. Wylst de bruorren fier ferskilden yn harren rollen, wie der yn dúdlike famyljelikenis. Dan gong sa fier dat hja elkoar yn harren rollen ferfange koenen.