Talint: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L st
 
Rigel 1:
{{Oar|talint yn de sin fan bejeftigens of feardichheid|talint (betsjuttingsside)}}
In '''talint''' is in útsûnderlik goed ûntwikkele eigenskip of fermogen fan in beskaat persoan. Men seit dan dat dyselde op dat mêd '''bejeftige''' is. Sa kin immen bgl. in talint hawwe foar beskate [[skoalfak]]ken, lykas de [[taal|talen]] (in 'taleknobbel') of de [[eksakte fakken]] (in 'wiskundeknobbel'). Ek kin men in natuerlike oanlis hawwe foar beskate soarten wurk, foar [[keunst]] (keunstsinnigens), foar [[maatskippij|sosjale ynteraksjes]] (in 'flotte babbel'), ensfh. By alle boppeneamde foarbylden spylje [[oanberne eigenskip]]pen in wichtige rol. Talinten kinne lykwols ek [[feardichheid|feardichedenfeardichheden]] wêze, dy't bewust oanleard binne. Dêrby spylje benammen [[ûnderfining]] en handichheid in grutte rol.
 
Talinten yn 'e sin fan natuerlike oanlis wurde gauris assosjearre mei in hegere as trochsneed [[yntelliginsje]], mar sa'n [[heechbejeftigens]] is foar it hawwen fan in talint net nedich. Men sprekt fan in [[sjeny (persoan)|sjeny]] as de talinten fan immen har yn in ferskaat oan rjochtings útstrekke ynstee fan yn mar ien rjochting of sjenre. It komt net selden foar dat minsken harsels hielendal net bewust binne fan it feit dat se in talint yn in beskate rjochting hawwe, om't se gjin belangstelling foar dy rjochting hawwe of om't se der noch nea mei yn kontakt kommen binne. As immen bgl. in grut keunstsinnich talint hat, mar fanút syn of har [[opfieding]] in hekel oan keunst krigen hat, sil dat talint him nea ûntjaan. Om lju te ûntdekken mei in grut talint op it mêd fan 'e [[entertainment]]yndustry wurde gauris [[talintejacht]]en holden.