Finske Oarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
L st
Rigel 24:
== Ferrin fan de striid ==
[[File:Fi krig map1.jpg|thumb|250px|left|''Kaart mei de plakken fan de wichtichste fjildslagen'']]
De kriich begûn op 21 febrewaris 1808 mei de ynfal fan Russyske troepen yn Finlân. Mei 24.000 man tsjin 13.000 Sweden en 8.000 Finnen wiene de Russyske troepen krekt wat manmachtichermanmachtiger. De Russen hellen de iene nei de oare oerwinning op de Sweden en besetten [[Helsinky|Helsingfors]], [[Hämeenlinna|Tavastehus]], de kust tusken [[Turku|Åbo]] en [[Vaasa|Vasa]], de [[Ålâneilannen]], it eilân [[Gotlân]] en de fêsting [[Suomenlinna|Sveaborg]]. Doe't [[Ingelân]] oan de kant fan Sweden mei begûn te fechtsjen moasten de Russen tuskentiids de eilannen en inkelde stêden op it fêstelân opjaan om op de ferdigening oer te gean.
 
De iennige oerwinning fan de Sweden yn dizze kriich wie dy fan maarskalk [[Johan August Sandels|Sandel]] op 27 oktober 1808 yn de Slach oan de Virtabrêge (Koljonvirta). In Russysk offensyf yn maart 1809 soarge der foar dat it front fan Finlân nei Sweden ferhûze. Yn de slach by it Piteå yn it noarden fan Sweden op 25 augustus 1809 waard it haadleger fan Sweden ferslein. Dêrtroch waard Sweden de facto twongen ta kapitulaasje. Op septimber waarden de wapens dellein. Der folgen fredesûnderhannelings, dy't einigen mei it Fredesferdrach fan Fredrikshamn op 17 septimber 1809.